En yn Deinum stiet in sipel op ‘e toer…

En yn Deinum stiet in sipel op ‘e toer…

In bekend sankje oer in ferneamde toer yn Fryslàn. Net allinne de toer is ferneamd ek de Deinumer tsjerke hat namme. Yn de flier lizze prachtige grêfstiennen út de tiid fan de Renêssânse en it Hardorff-oargel út 1865 spilet in wichtige muzikale noat mei by de begelieding fan de gemeentesang en by konserten. Of better sein… spile in wichtige rol.
It oargel is oan ín grutte restauraasjebeurt ta. Dêr komme noch mear kosten by, sa as it fervjen fan de oargelkas en de oargelkreake. It kerwei komt op in lytse 100.000 euro. Dêrfan is al € 60.000 byinoar brocht troch aksjes yn de tsjerkemienskip en yn it doarp. De lêste € 40.000 besiket de restauraasjekommisje mei noch mear aksjes en út fûnsen op it kleed te krijen.

De tsjerkesang kin net s0nder in goed oargel en it jaan fan konserten sil ek wer úteinsette as it oargel ynoarder is.
Achte lêzer fan dit berjocht, soene Jo faaks meihelpe wolle it Hardorffoargel yn de Deinumer tsjerke wer by de tiid te kríjen? As brûkers fan dit monumintale ynstrumint sille wy jo stipe tige, tige wurdearje!

Us gegevens:

Stichting Restauratie Hardorff-orgel 1865 Deinum
IBANnûmer: NL20 INGB 0006 398071
Webside: orgeldeinum
Till. 058-2541748 (sekr. A. van Oosterwijk)

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

1 × vier =