Fesper en meditaasje te Tsjom

Fesper en meditaasje te Tsjom

Ta gelegenheid fan it stilstean by mear as 100 jier Fryske tsjinsten

Psalm 150 is foar my de psalm fan Pinkster. Omdat it de ôfslutende lofsang is fan it hiele lieteboek fan Israel, en ik leau dat dat lieteboek op dy iene Pinksterdei yn Jeruzalem syn folsleine ferfolling fûn hat. Dat boek is wierwurden yn it ferhaal fan Jezus syn tiid op ierde, en dy tiid is no foarby. Dêrby past sa’n slotakkoard. Mar ek noch om wat oars. Alle mesykynstruminten wurde yn dizze psalm opneamd, ja oproppen om Gods lof te sjongen. Wat binne talen oars as ynstruminten, registers op it oargel fan it hiele minskdom? Al dy registers moatte iepen, al dy talen moatte sjonge. Ek dêrom past Psalm 150 by Pinkster.
Wy hawwe ús oanwend, om it bestean fan safolle talen, ek hjirre yn Fryslân, as in rykdom te sjen. Mar neffens my is it ek in needsaak. Sa’t gjin inkeld mesykynstrumint folslein suver wêze kin, sa kin gjin inkelde stim Gods bedoeling sûnder bygelûden klinke litte. Wy muozje altyd wat wei, en grieme der wat fan ússels trochhinne. En dochs wol de Geast fan God op al dy aparte ynstruminten blaze. Just dêrom. Om elkoar by it gehiel te hâlden. En om neat kwyt te reitsjen fan Gods grutte dieden.

Fesper en meditaasje