Fesper yn Ljouwert

Fesper yn Ljouwert

Ek yn maart fiere wy op de fjirde snein, te witten de 25ste , in Fryske fesper, en wol yn de Waalske Tsjerke, Ljouwert.

De fiering begjint om 19.00 oere.

Foargonger is diskear ds. D. de Boer fan Ljouwert, wylst Klaske Straatsma lêze/foardrage sil.

De muzikale begelieding is yn hannen fan Theo Jellema en de fluitiste Wietske Zoethout sil har ynstrumint bespylje..

Wy nûgje elkenien graach út foar dizze fiering.

Fan herten wolkom!