Fesper yn Ljouwert

Fesper yn Ljouwert

Op 27 maaie o.s. wolle wy wer graach in fesper fiere en wol yn de Ljouwerter Waalske tsjerke, Gr. Tsjerkestrjitte, de jûns om 19.00 oere.

Foargonger is diskear dr. J.D. Wassenaar, wylst it oargel bespile wurdt troch Theo Jellema, sawol yn de begelieding fan de gemeentesang as solo.

Jant van der Weg sil lêze/foardrage.

Tige fan herten wolkom by dizze fiering!