Fespers fan ds Liuwe H Westra

Fespers fan ds Liuwe H Westra

Taljochting by de fespers fan ds Liuwe H Westra

Fespers binne koarte jûnstsjinsten mei twa swiertepunten, it lêzen fan in psalm en it bidden.

Wy sykje yn ‘e fespers nei in lykwicht tusken:
*      wurden en stilte,
*      spanning en ûntspanning,
*      aktiviteit en wachtsjen.

De fespers ferrinne allegearre neffens itselde petroan en de liturgy wurdt folge sûnder taljochting.

Twa fêste ûnderdielen komme hieltyd werom:
*      de ljochthymne, ‘fleurich ljocht’
*      it mei-inoar bidden fan it ‘ús heit’.

By de psalmen hat ien rigel de funksje fan refrein: de antifoan.
De an­tifoan wurdt sprutsen troch de foargonger.
Dan wurdt de psalm lêzen, al of net ûnderbrutsen troch it sjongen fan ‘e beriming út it lieteboek fan de tsjerken.
It lêzen bart yn wikselspraak, alle rigels om bar de iene en de oare helte fan ‘e oanwêzigen, oanjûn mei de sifers I en II.
Nei de psalmtekst folget de ferhearliking, ‘eare oan de heit …’

De antifoan slút de psalm ôf en komt soms tuskentroch in pear kear werom.

By it bidden wurde ferskate minsken en situaasjes yn algemiene bewurdings neamd. Elk mei dêr sels nammen en gesichten by tinke. Dêrby sjonge wy mei-inoar de wurden ‘Heare ûntfermje jo’.
Yn it middelpunt fan it gebed stiet de stilte. Elk kin dêryn syn eigen fragen en klachten foar God bringe. Yn wêzen is yn it gebed de stilte wichtiger as de wurden.
Nei in slotgebed slute wy ôf mei in lûdop sprutsen ‘ús heit …….’

Yn de fespers wurdt in lykwicht socht tusken de wurden en de stilte, de spanning en de ûntspanning, de aktiviteit en it wachtsjen.

Hjirûnder stiet de ferdieling fan de fespers oer it tsjerklik jier. As jo klikke op de gekleurde wurden yn de rigel, dan komme dy fespers yn byld en binne nei te lêzen.

Talochting by de fespers (it stikeje dat hirboppe stiet.

De earste groep, sân fespers, is foar de tiid fan advint, oktaaf snein, twadde krystdei en nijjier.

De twadde groep, acht fespers, is foar de tiid fan Epifany oant de fjirtich dagen.

De tredde groep, seis fespers, is foar de tiid fan de fjirtich dagen.

De fjirde groep, njoggen fespers is foar de tiid fan peaske nei pinkster.

De fyfde groep, sân fespers, is foar tiid fan de acht wiken nei pinkster.

De sechsde groep, sân fespers, is foar de tiid fan de sân wiken fan neisimmer en hjerst.

De achtste groep, sân fespers, is foar tiid fan de sân lêste sneinen fan it tsjerklik jier.