Frysk Lieteboek no ek online

Frysk Lieteboek no ek online

Frysk Lieteboek no ek online

Fan ein augustus 2016 ôf is it ‘Frysk Lieteboek, sjonge en bidde thús en yn tsjerke‘ beskikber yn Liedboek Online. It materiaal foar de beamer en de liturgyboekjes kinne no yn it Frysk downloaden wurde. It sykjen fan lieten bliuwt wol basearre op de Nederlânstalige fersy, mar by it downloaden fan de lieten kiest de brûker de taal dy ‘t er hawwe moat. Dizze útwreiding fan Liedboek Online versie 3.1 bringt foar de brûkers gjin ekstra kosten mei him mei. De Frysk fersy falt ûnder deselde lisinsje.

Nije hantlieding by Liedboek Online.

It sykjen en downloaden fan lieten levert by computersbrûkers dy ‘t wat minder betûft binne, noch wol ris wat fragen op. Dêrom is der bij dizze nije edysje fan Liedboek Online mei ien ek wurke oan in koarte hantlieding mei dúdlike skermôfbyldings dy ‘t de wei wize troch it program. De hantlieding is beskikber op de website:  www.liedboek.nu.