Jiergearkomsten

Jiergearkomste 2018

Sneon 21 april kamen der goed 50 stipers nei Akkrum om de jiergearkomste fan Krúspunt mei te meitsjen. It bestjoer hie foar dizze gearkomste it tema “Oersette nei it Frysk fan bibeltekst en tsjerkeliet” keazen. Yn it FrieschDagblad stie moandei 23 april in moai ferslach fan de hân fan Koen Zondag, dy’t de dei meimakke

Lês fierder

Jiergearkomste 2017

De jiergearkomste 2017 fan Krúspunt waard holden yn de Kapel fan Bloemkamp yn Bolsward. Dit plak wie keazen om’t Cor Trompetter, historikus út Wolvegea, de gearkomste middeis in lêzing hold oer “Dopersen yn Fryslân yn de 16e iuw. It ‘Oldeclooster’ as berteplak fan de Menisten”. ‘Oldeclooster’ waard ek faak kleaster Bloemkamp neamd. Moarns, nei de

Lês fierder

Jiergearkomste 2015

Sneon 21 maart 2015 wie de jiergearkomste fan Krúspunt. Njonken de útrikking fan de tredde Bernard Smilde Priis wie dêr ek omtinken foar it riden en farren fan de stifting, nije inisjativen, noflik bypraten. en fansels in moaie liturgyske ôfsluting: Sipke Huismans yntrodusearre de mjûsekel Ruth. De teksten binne fan Folkert Verbeek en de muzyk

Lês fierder

Jiergearkomste 2014

Sneon 29 maart 2014 waard de fiifde jiergearkomste fan Krúspunt hâlden. Dizze kear hie it bestjoer keazen om dat yn Feanwâlden te dwaan. It programma spyle him ôf op trije lokaasjes. De ynrin fanôf 10.00 oere wie mei kofje/tee mei wat derby yn de Mienskip. Om 10.30 oere begûn it moarnsgebet ûnder lieding fan Hinne Wagenaar yn de

Lês fierder

Jiergearkomste 2013

De Stifting Krúspunt, Frysk Oekumenysk Platfoarm, frege op de jiergearkomste 2013 yn’t bysûnder oandacht foar it gebrûk fan Frysk yn en om de tsjerken. Foaral om’t der de lêste jierren in spontaan proses geande is op’t tsjerklik mêd. De sitewaasje fan safolle Hollânske en safolle Fryske tsjinsten feroaret yn de rjochting fan in natuerlike meartaligens

Lês fierder

Jiergearkomste 2012

JIERGEARKOMSTE KRÚSPUNT 21 APRIL 2012 Yn de Lantearne neist de Terptsjerke fan Akkrum fûn sneon de tredde jiergearkomste plak fan Krúspunt. Krúspunt is it moetingsplak foar minsken en organisaasjes dy’t wat te sykjen of te bieden hawwe op it mêd fan Frysk en tsjerken. It is as Frysk oekumenysk platfoarm de opfolger fan it Kristlik

Lês fierder

Jiergearkomste 2011

Wy komme op in prachtige moarn byinoar yn Akkrum. De lêste dagen wiene der noch al wat ôfsizzings. Mar der komme ek minsken dy’t har net opjûn hiene. Sadwaande binne wy mei ca. 52 minsken byinoar. Nei de kofje geane wy nei tsjerke foar de liturgyske iepening. Liturgyske iepening – mei in ferskaat oan lieten

Lês fierder