Kategismus: fraachlearen yn Fryslân:

Kategismus: fraachlearen yn Fryslân:

De oersetting fan de Heidelberger kategismus is makke troch it deputaatskip Fryske Earetsjinsten (DFE) fan de Grifformearde Tsjerken (frijmakke). Begûn yn 2005 as wurkgroep  krige dy yn 2010 de offisjele status fan tsjerklik deputaatskip. It foarnaamste doel wie it fasilitearjen en befoarderjen fan de Fryske taal yn de earetsjinsten. Al ridlik gau die bliken dat in Fryske preek eins net genôch wie, der wie ek ferlet fan oersettings fan de formulieren en belidenissen dy’t brûkt wurde.
Sa waarden earder al de ‘Nederlânske Geloofsbelidenis’ en it ‘Grut Tsjerkegebed’ oerset en frijjûn om te brûken yn de tsjerken. Sa no ek de ”Kategismus of ûnderwiis yn ‘e kristlike lear”.