Keningsdei 2015 preek fan ds. L.H. Westra

Keningsdei 2015 preek fan ds. L.H. Westra

Keningsdei 2015

Us keningskip is oars, en dêr meie wy bliid om wêze. By ús makket de wet de kening, de kening makket net de wet. En de wichtichste funksje fan ‘e kening is, dat er soms in bytsje bystjoere kin, as de keazen machthawwers tefolle har eigen belang en de koarte termyn foar eagen hawwe. Dan kin in kening sizze: Wachtsje eefkes, dy funksje dy’tsto hast, de wetten dy’t hjir jilde -dy binne net fan dy en foar dy, dy binne fan ús meiinoar – en dêrom stiet myn hanteken derûnder. En by dy hanteken stiet noch altyd de âlde ferwizing: Kening by de graasje Gods. Want ek de kening hat it lân net. Hy kriget it keningskip fan God.
Klik hjir om de hiele preek te lêzen.