Krystpreek oer krystliet gesang 144 preek fan ds. L.H. Westra

Krystpreek oer krystliet gesang 144 preek fan ds. L.H. Westra

(Gesang 144 út It lieteboek foar de tsjerken 1973)

De man dy’t dit liet skreaun hat, hat syn part fan ‘e ellindewol hân.
Paul Gerhardt libbe yn ‘e 17de iuw yn Dútslân, wat no it eastlike part is. Dêr is it yn ‘e 30-jierrige oarloch ferskriklike mâl gien. Yn dy wrâld ferlear Gerhardt syn heit en mem op jonge leeftiid. Hy moast leare yn in kostskoalle, dêr’t pas stookt waard as it mear as 15 graden frear. Hy waard dominy yn in gebiet dêr’t noch wol tsjerken stiene, mar de minsken wiene der net mear.
It opfallende is, dat dêr neat fanwerom te finen is yn syn lieten.

Sels as hy sels trout, en trije fan ‘e fjouwer bern ferliest, bliuwe syn lieten fan dizze toan: fleurich, fol betrouwen, moedich.

Lês hjir de hiele preek fan ds. L.H. Westra