Leauwe yn Fryslân

Yn dizze kursus wurdt reflektearre op de situaasje fan tsjerke en leauwen yn de (histoaryske) kontekst fan Fryslân. Oan de hân fan de besteande teologyske fakken (histoarysk, Bibelsk, systematysk en praktysk) wurdt de
kursist troch in ferkenningstocht ynwijd op it mêd fan leauwen en teology yn de Fryske kontekst. De fraach yn hoefieren de Fryske taal en kultuer in eigen plak yn tsjerke en teology hawwe, hân hawwe en fertsjinje, foarmet
it hermeneutysk ramt fan de kursus. Fragen oer relaasje tusken evangeelje en kultuer komme dus elke kear werom: taal, kultuer, skiednis, lânskip, leauwen en spiritualiteit.

Kursus programma ‘Leauwe yn Fryslân’ 2015 – 2016

Kursus ‘Leauwe yn Fryslân’ beskriuwing, doel fan de kursus en programma 2015 – 2016 Artikel Wybe Feenstra  (it artikel is it einwurkstik fan de kursus Leauwe yn Fryslân 2015-2016)         Wybe Feenstra: ‘Leauwe yn Fryslân’ en ‘Leauwe yn Fryslân, enquetefragen’ Artikel Ernst Zoomers (dit artikel is it einwurkstik fan de kursus Leauwe yn Fryslân

Lês fierder