Moarnsgebed kleaster yn Optina

Moarnsgebed kleaster yn Optina

Moarnsgebed fan de lêste startsen fan it kleaster yn Optina.

Hear, jou dat ik mei inerlike rêst alles temjitte gean mei wat dizze dei my bringe sil.
Meitsje dat ik my folslein oerjaan kin oan Jo hillige wil.
Underrjochtsje en stypje my yn alles op alle oeren fan dizze dei.
Hokfoar berjochten ik ek yn ‘e rin fan dizze dei hearre mei,
lear my se mei in rêstich hert te oanfurdzjen,
en mei de fêste oertsjûging dat alles bart neffens Jo hillige wil.
Bestjoer myn tinken en fielen, yn al myn wurden, yn al myn dieden.
Lit my yn alle ûnfoarsjoene omstannichheden net ferjitte, dat ús alles stjoerd wurdt troch Jo.
Lear my earlik en ferstannich te hanneljen mei alle leden fan myn gesin,
sûnder immen yn ûnstjoer te bringen of te ferbitterjen.
Hear, jou my krêft de beswieren fan de dizze dei te dragen en alles wat der ek barre mei.
Bestjoer myn wil en lear my te bidden, te leauwen, te hoopjen,
te ferdragen, te ferjaan en leaf te hawwen. Amen.

Russysk-ortodoks gebed

Oersetting: Henk Wortman

Lês hjir de Hollânske fersy