Oer slavernij

Oer slavernij

Twa preken oer slavernij

It is ôfskaft mar bestiet noch altyd: slavernij. Minsken dy’t net baas binne oer har eigen lichem, dy’t en gean en stean kinne wêr’t se wolle. Yn ’e regel is har lot net te fergunnen.

Wat wy meskien net ferwachtsje soene, is dat de Bibel de slavernij net mei ham en gram feroardielet. Yn ’e Bible wurdt de slavernij akseptearre as in part fan ’e maatskippij fan doe.Slavernij hearde by it ekonomyske systeem. As ien syn skulden net ôfbetelje koe, om hokker reden ek – dan wie slavernij de ‘regeling’ dy’t it mooglik makke, dat de skuldeasker dochs noch watweromkrige. Jo hiene altyd jo lichem noch, jo krêften. En dy stiene dan ta in oar syn foldwaan.

Mar de Bibel is al kritysk. As iennichste yn dy hiele wrâld fan ’e Aldheid, dêr’t slavernij hiel gewoan wie, seit de Bibel: alles goed en bêst, mar jo meie net altyd slaaf bliuwe. Slavernij koe in oplossing wêze – der moast brea komme foar de skuldner, en de skuldeasker moast dochs wat weromsjen fan syn liening. Mar der moat ek perspektyf bliuwe, útsjoch. Want in skuld betelje jo mei arbeid fansels samar net ôf, en de measte slaven bleaune har libben lang slaaf, en de bern krektsa. Dàt mei net, seit de Bibel. Dy slavernij mei noait mear as tydlik wêze. Der komt in begrinzing op. Jo meie noait langer as sân jier slaaf wêze, en dêrnei moat der wer in nije kâns komme. Der moat frijheid wêze, ek yn de slavernij. Dat is it wêzen fan de bibelske regel: jo meie net altyd slaaf bliuwe. Jo meie wol slaaf wêze – tsjinner – of feint – fan elkoar, mar jo meie gjin slaaf wurde fan ’e slavernij.