Lieten foar bern

Der binne yn de rin fan de tiid ferskillende bernebondels úkommen:


 

titel        : ‘Tusken rein en Sinne’ troch ferskate meiwurkers
útjouwer : Afûk / KFS yn 2008
priis       : wie € 15,- (is allinne twaddehâns noch te krijen)

Alle lieten binne ek op twa cd’s yn it boek te finen. Ferskillende bernekoaren ha meiwurke om de 80 lieten op cd te setten.

Lieten foar thús, skoalle en tsjerke. As jo mei bern en harren leauwe wurkje, kinne jo net sûnder lieten. Yn dizze bondel fine jo in skat fan âlde en nije lieten oer ûnderwerpen dy’t mei dat leauwen te krijen hawwe.

In priuwke út dizze bernebondel:
advintsliet,
krystliet


titel        : Geartsje Douma “Sjongersfeest”
útjouwer : KFFB yn 2002  KFFB-nûmer: 424, ISBN-nûmer: 90 74918 44 1
priis       : € 9,00

Yn ‘Sjongersfeest’ steane ferskes foar krysttiid, peaske, pinkster en gebedsjes. Mar ek ferskes oer de natuer, oer bliid wêzen, fertriet hawwen, bang en lilk wêzen.
By de measte ferskes foar de lytskes steane suggestjes, dy’t oanjouwe hoe’t der mei boarte wurde kin. Want dat wolle bern graach.


titel        : Bernebibellieten “Wat in gelok” troch ferskate meiwurkers
útjouwer : KFS  1983

Alinne noch twaddehâns te krijen.