Op ús eigen wize

Op ús eigen wize

“Minderheidstalen en -kultueren moatte it faak ôflizze tsjin de oerhearsking fan dominante kultueren. By de fersprieding fan it kristendom wie meast gjin omtinken foar lytse talen, kultueren en folken, foaral net yn de perioade fan it Westerske kolonialisme. Yn de lêste 50 jier hawwe Afrikaanske kristenen heftich protestearre tsjin de antropologyske earmoed dy ’t dat harren oplevere hat.
Se ûntdutsen yn it bibelboek Hannelingen fan de Apostels in folslein oare missionêre hâlding. Troch de analyze fan sân ferhalen besiket Hinne Wagenaar dy missionêre hâlding op it spoar te kommen. Sa komt hy ta in teologyske basis foar tsjerke en spiritualiteit op in eigen wize. Net allinne foar Afrikaanske teology, mar likegoed om de kontoeren te jaan fan in Fryske teology.”

Ds. Hinne Wagenaar (1962) is nei ferskillende dosintskippen (1990-2005), gemeentepredikant te Wurdum (2002 -2012), sûnt 2012 ferbûn oan it pioniersplak Nijkleaster en de gemeente Westerwert te Jorwert.

titel         : Op ús eigen wize
subtitel   : Sân ferhalen út it boek Hannelingen oer taal en kultuer
skriuwer : ds. Hinne Wagenaar
útjouwer : Bornmeer 2015
NUR       : 703 / 712 / 524
ISBN       : 978-90-5615-364-9