Oprjochting Krúspunt Frysk Oekumenysk Platfoarm

Oprjochting Krúspunt Frysk Oekumenysk Platfoarm

Yn ’e âlde doarpstsjerke fan Jorwert fûn op 2 juni 2009 de feestlike oprjochtingsgearkomste plak fan Krúspunt, it nij Frysk Oekumenysk Platfoarm, fuortsetting fan it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip 1908-2008 (KFS).

Op inisjatyf fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân hawwe in grut tal organisaasjes dy’t harren rjochtsje op it befoarderjen en it brûken fan it Frysk yn tsjerke, yn earetsjinsten en dêr bûten, yn 2008 in wurkgroep yn it libben roppen. Dizze tariedingsgroep moast der yn foarsjen dat der in nij Frysk Oekumenysk Platfoarm oprjochte wurde soe. Dat platfoarm bringt allerhande ynformaasje en materiaal byinoar foar eltsenien dy’t mear witte wol fan wat der allegearre beskikber is en dêrmei ek foar elts dy’t al it beskikbere Frysktalige materiaal brûke wol yn en bûten tsjerke.

De ‘mem’ fan in grut tal hjoeddeistige kristlike Fryske organisaasjes, it KFS, bliuwt noch in lyts tal jierren bestean om Krúspunt as in nij bern fan ’e famylje grut te meitsjen. As Krúspunt har wurk as Frysk Oekumenysk Platfoarm goed opset hat, wurdt it mear as hûndert jier âlde KFS opheven. Krúspunt is de beëage organisaasje dy’t dan de eigentiidske fuortsetting wêze sil fan it KFS. It barde op in bysûnder plak: Jorwert. It doarp wêr’t Geert Mak, syn ferneamde boek ‘Hoe God verdween uit Jorwerd’ oer skreau. Yn dit doarp skreaunen Fryske organisaasjes histoarje.

 

20090602_kruspunt_jorwert_liuwe_westra

Ynternet
It ynternet sil foar Krúspunt in wichtige wei wurde wêrmei alle selsstannich bliuwende, dielnimmende Fryske organisaasjes harren ynformaasje en materiaal meiinoar wrâldkundig meitsje.

Yn it koar fan in folle Jorwerter tsjerke, yn it bywêzen fan notaris Van der Hem fan Jorwert, waard it karbrief fan Krúspunt fan Krúspunt op dizze ‘Tredde Pinksterdei’ ûndertekene troch de fjouwer oprjochters fan Krúspunt: Ellert Jongstra fan it Ferbân fan Fryske Foargongers (FFF), Paul Hekstra fan it Project Hânsume Help, Wiep Koehoorn fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) en Hinne Wagenaar fan it KFS.

Nei it passearjen fan de notariële akte waarden de earste bestjoerders fan Krúspunt presentearre oan alle oanwêzigen. De bestjoerders binne Douwe Gerbens út namme fan ’e KFFB, Eelke Goodijk út namme fan ’e Frysk Oekumenyske Wurkferbannen, Toos Reichman út namme fan ’e Beriedsgroep Earetsjinst en Tsjerkemuzyk en Warner Veltman út namme fan it FFF. Foarsitter wurdt Liuwe Westra fan it KFS, skriuwer Tytsje Hibma fan ’e Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst en ponghâlder Piet Miedema fan it KFS. Liuwe Westra spruts nei de ûndertekening syn iepeningstaspraak út.

(Troch Wiep Koehoorn, publisearre yn’t Friesch Dagblad fan 3 juny 2009)

 

Foarôf oan de oprjochting koe der in gedielte fan it Japikspaad rûn wurde troch de greiden.