Preek oer de striid tsjin it kwea

Preek oer de striid tsjin it kwea

Preek oer de striid tsjin it kwea yn in nachtmielstsjinst

En as de macht fan it kweade oer ús komt, rêd ús dan. Ferslaan it kwea, en bewarje jo bern. En is dat net, wat Jezus al dien hat? Wat de reden is dat syn lichem brutsen is en syn bloed útstoart? En as Hy dat ien kear dien hat mei it alderslimste kwea de aldergrutste tsjinstanner, soe Hy ús dan ien dei allinnich litte yn ’e macht fan it ferkearde om ús hinne?

Gemeente, dizze tafel lit sjen wêr’t it om giet mei it gebed. En it gebed krije wy alle dagen om te oerlibjen yn dizze wrâld. Ik leau, dat wy dêrmei as tsjerken yn ’e maatskippij fan hjoeddedei foar it ljocht komme moatte. Dat wy de striid tsjin it kwea fan dizze wrâld serieus nimme. Mar dat de foarm fan ’e striid dy fan it gebed wêze moat. Elke dei krêft foar hjoed. Sa’t wy by elkoar sitte elkoar ferjaan, frij meitsje fan wêr’t wy elkoar en ússels lyts mei meitsje. En Jezus freegje om syn rêding, dêr’t wy fan witte hoe sterk oft dy is.
Ik leau hillich, dat dat helpt.

Lês hjir de hiele preek