Preek oer ‘Us Heit’

Preek oer ‘Us Heit’

lêzing: Mattéus 6: 5-15

Gemeente fan ’e Hear,

Wy libje yn in tiid dat de oerheid it betrouwen fan ’e minsken ferliest. Wa hie tocht dat de Britten, oars in folchsum naasje, harren eigen regear mei in Brexit! op ’e fingers tikje soene? Dat hat neat mei arguminten te krijen, mar alles mei betrouwen.
Iksels bin skokt troch ús eigen regear dat seit ‘Uw lichaam is van ons, tenzij u het anders aangeeft’, en ik haw my útskriuwe litten as donor. Guon joegen de réaksje: En asto sels ferlet hiest fan in nier of in hert? Dêr haw ik oer neitocht, en ik moat earlik sizze: ik moat der net oan tinke, dat ik meskien in orgaan fan ien krije soe, dy’t dêr net hiel bewust foar keazen hat. Jan of Klaske wist fan neat, is ferûngelokke, organen noch goed, femylje skokt, en dan krije se it nijs te hearren dat se eefkes wachtsje moatte op it stoflik omskot oant de organen der fan oerheidswege út helle binne – watfoar maatskippij bedarje wy yn? Ik fertrou de oerheid net mear, en as ik it politike klimaat yn dit lân ris wat yn my opsnúf, bin ik net de iennichste.
Hoe’t dat kin? Neffens my troch te grutte ambysjes en te min macht. Ik krij fan in gemeentlik amtner in brief mei de fraach oft ik wol genôch beweech. Sûnt wannear kin de gemeente my troch brieven te stjoeren ien jier langer libje litte? Lit ús earlik wêze: sels de nasjonale oerheid hat in bitter lyts bytsje te sizzen oer ús bestean: in pear politike grutmachten, de multinationals en wrâldwiid ûnbestjoerbere massa’s bepale de takomst. As de oerheid no soarget foar wat knappe diken, goed ûnderwiis, en hjir en dêr in plysje – dan is dat moai genôch. Mear hoecht net, en mear kin ek net – in oerheid dy’t mear wol as dat er kin, rekket it betrouwen fan ’e boargers kwyt.

Yn it geloof jildt itselde. Hoefolle minsken hawwe net ôfskied nommen fan it leauwe en brutsen mei de tsjerke – wêrom? It binne altyd deselde ferhalen. ‘As ik sjoch wat der yn ’e wrâld allegear bart, kin ik net leauwe dat der in God is.’ Of: ‘Wat dy en dy persoan doe in kear sein of dien hat yn tsjerke, dat hat my sa rekke – ik kom dêr net wer.’
Hat dat der ek net mei te krijen dat wy it meiinoar te grut meitsje? It geloof is der net foar, dat wy alles wat der op ’e wrâld bart begripe sille. As jo alles begripe sille wat God al en net docht, dan geane jo feitliken op syn stoel sitten. As jo fan in tsjerke freegje dat dêr gjin flaters makke wurde, dan moatte der gjin minsken yn tsjerke sitte, want minsken fersinne har. Kin it ek oars?

Jezus leart it ús oars, en dat wie yn syn tiid foar guon ek al in skok. Jo hoege God net oan te roppen as de kening fan himel en ierde – sis mar gewoan ‘Us Heit’. Jezus bringt God fan ’e troan yn ’e nasjonale timpel nei de iterstafel yn ’e húshâlding. En as jo bidde, hoecht elk dat net te hearren en hoege jo de hiele wrâld dêr net by te heljen. Hâld it op ’e skaal dêr’t it leauwe foar bedoeld is: de mienskip dy’t jo oersjen kinne, in groep dy’t yn in sealtsje past – mear net.
En as jo dan bidde, dan sprekke jo yndie út dat jo leauwe dat ien kear God syn wil oeral op ierde krekt as yn ’e himel barre sil. Mar it wurdt konkreet yn jo eigen bestean: it deistich brea, safolle as jo yn ien dei op kinne. Wy hoege net te bidden om in feilich libbensplan mei 100% finansjele dekking oant jo 85ste. Lit ús mar bidde om iten en drinken foar ien dei, en dan moarn wer. Oars dan ferlieze wy it betrouwen, en dat is funest foar de bân mei God.
Krekt sa is it mei it ferjaan fan ús skuldners. Hoefolle minsken binne der net, dy binne werklik bang fan God omdat der ien of twa oare minsken binne dy’t se net ferjaan kinne. Mar ferjouwing slagget altyd net. Jo moatte it beide wolle, en jo moatte it beide kinne. Mar dit gebed is ek bedoeld om te funksjonearjen oan ’e tafel fan in húskeamergemeente. De minsken dy’t brea en wyn meiinoar partsje, dy hawwe neat mear ûnder elkoar te foarderjen of te leverjen. Dy binne lyk mei elkoar, dy hawwe elkoar de hân jûn en yn ’e eagen sjoen, en hoe’t se ek yn it libben omknoffelje, se litte elkoar net los. Alle oare skuld en skea, dêr rêdt Jezus mei.
Sa is it ek mei it kweade om ús hinne. Wy hoege God net te bidden dat ús gjin rampen treffe., as de bestjoerder fan himel en ierde dy’t spesjaal om ús tinkt. Nee, rampen kinne ús krekt likegoed oerkomme as elk oar. En wy meie God as ús Heit alle kearen dat soks bart freegje om ús te rêden, en dan lit Er ús net sitte.

Jezus hat it leauwen fan ’e nasjonale timpel oerbrocht nei de húskeamer, en op ’e skaal fan ’e húskeamer moatte wy it ek wiermeitsje. En meskien moasten wy as tsjerken dêr mear mei dwaan yn ’e rjochting fan ’e minsken dy’t yn dizze tiid it betrouwen kwytreitsje yn ’e machten boppe har en om har hinne. Wissichheid kinne ek wy net biede. Mar wy kinne wol in thús biede dêr’t wy meiinoar soargje dat net ien in dei foarbygiet fan iten. Dêr’t wy elkoar fêsthâlde, omdat wy elkoar net kwyt wolle. En dêr’t wy der foar elkoar binne op it stuit dat rampen op ús paad komme. Sa’n tsjerke kin wol ris mear takomst hawwe as de tsjerke dy’t wy wend wiene, as ynstitút, as diel fan it iepenbiere libben. Wy moatte meskien wol werom nei de húskeamer, krekt as de alderearste gemeente.
As wy ta God bidde as ús Heit, sa’t Jezus it ús leart, en wy meitsje dat wier yn ús eigen rûnte, dan leau ik dat wy just mear romte krije. It geloof net grutter meitsje, mar lytser – dat koe ús wolris it betrouwen weromjaan dat wy breanedich binne om te libjen.

Amen.

Lollum: domeny Liuwe H. Westra

Hier kunt u de preek in het Nederlands te lezen