Salomo spiler tusken wiisheid en dwaasheid

Salomo spiler tusken wiisheid en dwaasheid

Salomo: spiler tusken wiisheid en dwaasheid
Neam de namme Salomo, en wêr tinke jo oan? Oan wysheid! Salomo wie ien fan ‘e jongste bern fan David, en net ien hie tocht dat hy de troan krije soe nei syn heite ferstjerren. Al ferskate fan syn âldere broers hiene tocht, dat se de macht gripe koene. It lân hie meskien frede, mar yn it peleis wie it geduerich oarloch. Net allinnich David sels foel foar de ferliedings en de korrupsje fan ‘e macht, ek syn soannen bleaunen der net frij fan. Sa wiene der al ferskate prinsen oan har ein kommen yn ‘e rees. Kening wêze is net altyd noflik, mar kening wurde wolle is hielendal gefaarlik wurk. Soe Salomo sels ek net fernuvere west hawwe, dat hy úteinlings de priis krige?
Salomo hat witten, dat kening wurde en kening wêze net fansels giet. Meskien is dat wol de reden dat er, fuort oan it begjin, God alderearst frege om wysheid. Want foardat jo it witte, miene jo dat de macht en it hanthavenjen fan ‘e macht, of de rykdom en it winnen fan rykdom, of lân en it feroverjen fan lân, it heechste doel binne. En yn ‘e Bibel wurdt kear op kear beskreaun, dat dat krekt de menier is om alles kwyt te reitsjen. Salomo freget om wysheid, om it doel fan it keningskip net út it each te ferliezen. Yn Psalm 72 stiet dat beskreaun: it rjocht fan God, dat de earmen it goed hawwe. En wy kenne allegear it foarbyld, hoe’t Salomo dat de earste de bêste kear yn ‘e praktyk brocht. Twa froulju (net hiele foarnamen) fjochtsje om in bern. In sêne mei allinnich mar ferliezers, soene wy sizze. Hoe kinne jo it dan noch goed dwaan? Mar Salomo wit sa te oardieljen, dat elk rjocht dien wurdt. Just dizze kwetsbere minsken, dy’t totaal gjin oansjen hiene, wurde hielendal serieus nommen. ‘Hij zal de helper zijn der armen, hij hoort hun hulpgeschrei.’
Mar der wurdt ek mear ferteld oer Salomo. Hy hie nochal wat froulju en byfroulju: in keninklike harem. En oan ‘e ein fan syn libben, sa stiet beskreaun, liet de wize kening him dêrtroch ferliede te offerjen oan frjemde goaden. It sil wol begûn wêze mei in lyts hillichdom, in kapeltsje, foar allochtoane of nije froulju yn it peleis. Jo kinne minsken dochs net it rjocht op har eigen godstsjinst ûntsizze? En ien kear sil it de earste kear west hawwe, dat in pear leden fan ‘e harem der sa by har hear op oanstiene om in kear mei nei harren tsjinst, dat er fûn dat er net wegerje koe. En oan ‘e ein fan syn libben wie it gewoan wurden foar Salomo om him te bûgen foar ôfgoaden. Sels Salomo syn wysheid liket fergonklik te west te hawwen. En de Bibel leit ûngenedich it ferbân: omdat Salomo ôfwykte fan ‘e wei, dêr’t er fan wist dat it de goeie wie, dêrom rekke syn ryk ek yn it neigean, en foel it nei syn dea yn twa stikken útinoar.
Mar earne tusken dat ljochte begjin en dy fertrietlike ôfrin, stiet neamd dat Salomo ek in dochter fan ‘e kening fan Egypte ta frou hie. Yn I Ken. 9: 16 en 24 komt se in pear kear foarby. Men kin jin ôffreegje wat it folk Israel dêrfan fûn hat. Egypte wie dochs it lân, dêr’t God syn folk út frijkocht hie. Dêr noait wer hinne! En no komt dêr in Egyptyske prinses, de dochter fan ‘e farao fan letter tiden, en dy krijt in eigen hûs, of alteast in eigen suite, yn keninklike wyk fan Jeruzalem. Kin dat samar?
It meast aparte is meskien wol, dat de ferteller fan ‘e boeken Keningen dêr mei gjin wurd oer rept. Hy seit net dat it goed is, en hy seit net dat it ferkeard is. Letter al, yn haadstik 11, as neist de prinses út Egypte ek froulju út Edom, Moab, Ammon en Sidon ferskine. Mar hjir liket it, as hanthavenet de skriuwer mei sin de neutraliteit. Hy wol him der net oer útlitte.
Yn dy bibelfersen fange wy in glim op fan hoe’t sa’n keningshoulik blykber funksjonearre. Salomo is drok dwaande mei allegear prestizjeuze bouprojekten. Der moat in timpel komme, der komt in peleis, der komme militêre projekten. Dat koste net allinnich hannenfol jild, dêr hiene jo ek de stipe fan ‘e buorlju foar nedich. Israel hie sels alle grûnstoffen net beskikber foar ditsoarte projekten. Wy lêze bygelyks, dat kening Hiram fan Tyrus soarget foar it nedige hout en goud. Dat moast fansels wol betelle wurde, mar foardat jo saken dwaan koene, moasten de ferhâldings earst goed wêze.
Dat seit fansels net allinnich wat oer Salomo syn ambysje, mar ek oer de politike réaliteit fan doe. De farao fan Egypte liet syn dochter echt net wenje yn in keninkryk dat neat te betsjutten hie. Sa’n houlik wurde beide partijen altyd better fan (of se tinke dat se dat wurde). David hie Israel, sa soene se no sizze, ‘op ‘e kaart set’, en dêr giet Salomo mei troch. It keninkryk fan ‘e tolve stammen wie in faktor wurden om rekken mei te hâlden.
Is dat ferkeard? Dat stiet nearne. Sterker noch, rykdom en oerfloed binne yn it Alde Testamint altiten by útstek goede saken, saken dy’t God de minsken gunt. It misbrûk is ferkeard, mar de oerfloed is in seine. Sa sjongt Psalm 72 ek: ‘Het ganse land is goud’. En dêr wurdt ek neamd, dat oare folken en oare lannen earbied en ûntsach hawwe sille foar de kening fan Israel. As Salomo dat foar syn folk wit te berikken, kin dat allinnich mar goed wêze. En dan kinne wy him ek net kwea-ôf nimme, dat er dêrby meidocht oan de regels fan ‘e macht. Macht wurket no ien kear op in bepaalde menier, en as jo dêr net oan meidwaan wolle, sette jo josels bûten spul. Salomo hat him mei hert en siel yn it spul stoart, en it gong him net ferkeard ôf. As jo de kening fan Egypte sa gek krije, dat dy jin syn dochter jout mei in komplete stêd op ‘e keap ta, dan hawwe jo it net ferkeard dien.
Mei de dochter fan Egypte sjogge wy Salomo meskien krekt op it punt fan it lykwicht. Hy moat saken dwaan mei de âlde fijân, want oars ûntnimt er himsels mooglikheden om it lân bloeie te litten. Dat betsjut altyd ek in kompromy, wetter by de wyn, libje en libje litte. Sa’t de skriuwer fan it boek Preker skriuwt, neffens de tredysje Salomo sels yn syn âlde dagen: ‘Wees niet te zeer rechtvaardig … wees niet te zeer goddeloos.’
Mar it binne sterke skouders dy’t de wielde drage kinne, en sels Salomo sines wiene net sterk genôch. Oan ‘e ein fan syn regear sjogge wy dan wer it wûndere bibelske gegeven, dat God de hearskippij fan Salomo syn hûs weinimt – mar krekt net hielendal. Uteinlings moat ek Salomo it oardiel ûndergien – mar syn line bliuwt beholden, en de Messias sil dêrút wei komme. Pas Jezus makket Psalm 72 hielendal wier. Pas yn Him komt de wiere wysheid op ierde. Pas Hy bringt de frede dy’t bliuwt.

Liuwe H. Westra (novimber 2008)