Tsjinst en tafel

Tsjinst en tafel

1

Dy’t wy bytiden net berikke kinne,
net begripe – dat wy noch altyd
op jo longen libje meie,
dat wy sjonge, roppe,
kom ús yn ‘e mjitte, wês ús neiby.

Foarmje ús wer út klaai en wyn,
as lichem en siel, nei jo byld,
dat wy fêste grûn ûnder de fuotten fiele
en yn fertrouwen gean
dêr’t jo wyn ús hinne waait.

Seinige de Ivige, de Iene,
dy’t bliuwend oanwêzich is,
dy’t kuozzet it wurk fan syn hannen.

Lit ús dan it antlit fan jo leafde sjen;
sjoch hoe’t wy longerje nei ljocht.
Harkje nei ús roppen yn ‘e nacht,
dat aanst, by ljochtskyndei,
jo sinne ús ferwaarmet.

Dit is jo ierde ommers: swart fan tsjuster,
mei de oermacht fan it kwea. De dea leit
op ‘e loer en bangens slacht foar master op.

Wy roppe:
Lit ús it antlit fan jo leafde sjen;
sjoch hoe’t wy op dizze ierde langje nei it ljocht.

Sjoch hoe’t wy wrakselje om wat Jo wolle
stal te jaan yn lytse leafde, frede mei ús neisten.

Sjoch om nei it leed fan minsken, dêr’t wy fan witte,
mar dy’t wy faak net wier berikke kinne;
ús earmen fierste koart

Wy drage oan Jo op
de frjemd’lingen yn ús fermidden, sûnder thús,
ûnskuldigen dy’t finzen sitte yn ‘e striid fan oaren,
de iensumen, ûnsichtber, de minsken sûnder stim,
de ôfhinkliken, yn hannen fan ’e machthawwers,
de bange, de swiermoedige, de skoudere,
de fan oaren pleage,
de bern mei twifel oan ‘e takomst,
de âldere, dy’t him ôfskreaun fielt,
ússels, sa’t wy hjir sitte, faak bang dat libben
net te dragen falt as wy it leed beneame.
Untfermje Jo oer ús, oer dizze ierde.

Sa’t wy makke binne, meitsje ús wer
mei lichem en siel, nei jo byld.
Wês ús wer de lucht yn ‘e longen.

Boppe alles en oer alles hinne: de leafde.
Frede op ierde. Helper fan minsken,
sa hat er it sein: mei alle krêft, mei hiel dyn siel,
hâldt fan de Ivige, altyd, earst, en ha dyn neiste leaf.

lêzing

Altyd, nei de nacht, it moarnsrea,
de belofte fan ‘e dei, de sinne.
Kear dyn antlit dêrhinne. Lit it ljocht
dyn eagen ferbliidzje, ûntfang de dei
as in jefte, in seine, in nije kâns.

2.

Lit ús gebed as wijreek nei Jo opstige,
en lês yn ús opstutsen hannen
de oerjefte oan Jo.

Nei Jo slaan wy de eagen op,
by Jo sykje wy taflecht.

Stek jo hannen nei ús út,
hjir binne wy ommers; wy wachtsje op Jo.

Want heech as de himel is jo geunst,
oan ‘e wolken ta jo trou.
Lit jo heechheid, Ivige, fier boppe de himel rize,
jo gloarje de hiele ierde omfiemje.

As ûnkrûd tierret it kwea. Wat bloeie wol
wurdt yn ‘e knop fertrape. Sêde fan bloed
dizze ierde, wurch fan kriich. Ferfrjemde
fan bedoeling dizze wrâld, sa fier fan frede.

Om romte foar leafde, bidde wy,
om wurden dy’t ús yn it hert reitsje en waakse,
lykas dy fan Jezus, jo fertrouling,
dy’t oan de leafde liek te stjerren,
mar ús foar goed oer de dea hinne droech.

Seinige de Ivige, de Iene,
dy’t bliuwend oanwêzich is,
dy’t kuozzet it wurk fan syn hannen.

Lit ús dan it antlit fan jo leafde sjen;
sjoch hoe’t wy longerje nei ljocht.
Harkje nei ús roppen yn ‘e nacht,
dat aanst, by ljochtskyndei,
jo sinne ús ferwaarmet.

Foarmje ús wer út klaai en wyn,
as lichem en siel, nei jo byld,
dat wy fêste grûn ûnder de fuotten fiele
en yn fertrouwen gean
dêr’t jo wyn ús hinne waait.

Mei Abraham en Sara dy’t Jo sochten,
mei Moazes, dy’t jo stim ferstie,
mei Jezus, dy’t Jo yn wurd en dieden tsjinne,
liedt ús nei it ljocht, nei de dagen fan frede.

Dat by it iten fan it brea
– manna foar ûnderweis
dat ús rêdt fan ûndergong en wanhoop –
it útsjoch ús foar eagen stiet:
oer de dea hinne, it libben.

Dat by it drinken fan ‘e wyn,
de waarmte ús troch de lea lûkt,
ús de krêft wer jûn wurdt
om te wurkjen oan en út te sjen
nei it lân fan belofte,
de stêd fan frede,
de wrâld dêr’t leafde it biedwurd is

Nim dit brea dat symboal stiet
foar it lichem fan Jezus, de rêder,
dy’t wy oer syn dea hinne betinke.

Drink fan de wyn as teken
fan it bloed dat it koste om it boadskip
fan frede en leafde oer de tiden
hinne te dragen, nei de takomst
fan it Keninkryk.

3 Brea en wyn

Wiis ús it paad, dat wy net omdoarmje
yn ‘e nacht, ús net ferrinne en gjin útwei mear.
Lit ús de wegen gean fan Jezus,
de rjochtfeardige. Dat wy him folgje
yn syn leafdefolle dieden.

Sjoch hoe’t wy sykje nei Jo,
dy’t wie en is en wêze sil. Bewarje
yn jo hannen dy’t ús foargien binne,
dy’t nei ús komme, ússels, hjir en no.

Hoedzje wat Jo makke hawwe,
dizze ierde, dit fan begjin ôf goed
bedoelde bestean.

Seinige de Ivige, boarne fan ús wêzen,
dy’t ús makke hat nei syn byld, ús it witten
ynblaasd hat dat wy gean op syn amme.
Loovje de Iene, de skepper fan de ierde.