De doop is in rituele besprinkeling fan de holle mei wetter of it alhiel ûnderdompeljen fan it lichem fan in lyts bern of folwoeksene Troch dizze hanneling te ûndergean waard men opnommen yn de kring fan de leauwensmienskip. Yn de Bibel is it bekindste plak Mattheus 28 vers 19. Doopliturgy fan Ds. D. Wiersma: Doopnij
Read more
De Fedde Schurer lêzing op 14 novimber 2015 waard yn Tresoar holden troch dr. Liuwe H. Westra, dominy te Lollum. Westra is âld-bestjoerslid fan de stichting Krúspunt. In goed jier lyn waard ik troch it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging fia de Stifting Krúspunt frege oft ik ek ree wie om dizze
Read more
Dizze wurkgroep organisearret Fryske fespertsjinsten yn ’e Waalske Tsjerke te Ljouwert, op de fjirde snein yn ’e moanne jûns 7 oere yn jannewaris, febrewaris, maart, april, maaie, juny, septimber, oktober en novimber. Yn july en augustus net, yn desimber allinne as it net ûngaadlik útkomt mei de Krystdagen. Sjoch de oankundiging fan ’e tsjerketsjinsten yn
Read more
De YKFE wol it brûken fan it Frysk yn en om ‘e earetsjinst hinne oan ‘e oarder stelle en befoarderje. Neist oersettingen wolle we ek de útjefte fan eigen Frysk materiaal befoarderje. Mei it each op dit wurk liket mear gearwurking mei en tusken oare organisaasjes ús gaadlik ta. De YKFE is der foar alle
Read more
Tsjerklike PKN gemeente , dêr’t de plakken Jorwert, Bears, Jellum en Weidum ta behearre. Domeny Hinne Wagenaar is gemeentedomeny yn de fjouwer doarpen en tagelyk pioniersdomeny fan de Stichting Nijkleaster yn Jorwert. “Vanaf 1 juli 2012 werken Westerwert, de Stichting Nijkleaster en de afdeling Missionair Werk (van de Protestantse Kerk in Nederland) samen om gestalte
Read more
De tsjerken stean yn it Fryske lânskip as beakens fan trou en hâld-fêst. Spitich genôch binne de doarren fan de measte tsjerken faak ticht. Útgeande fan de Ried fan Tsjerken yn Fryslân wurdt sûnt 2004 Tsjerkepaad hâlden, de iepenstelling fan tsjerken op sneon-temiddeis yn de simmer. It is in grut sukses wurden. Der binne no
Read more
Jo fine alle relefante ynformaasje oer Stichting Nijkleaster as jo de webside oanklikke. Jo kinne ek telâne op de webside fan ds. Hinne Wagenaar. Stifting Nijkleaster wurket as PKN pioniersplak yn Jorwert. Lês it artikel yn it Friesch Deiblêd fan 30 april. Yn ‘Eén vandaag’ tongersdei 21 juny 2012 kaam ‘Nijkleaster’ op it lanlike nijs.
Read more
De stifting hat ta doel it ta stân bringen en yn stân hâlden fan it Jeropeesk netwurk fan historyske pylgerpaden nei Santiago de Compostela, ynsafier dit paad op it grûngebiet fan de regio Fryslân fan it Nederlânsk Genoatskip fan Sint Jacob leit De stifting is oprjochte yn 1998 en hat der foar soarge dat der
Read more
Stichting ‘Pommerant als Predikant’ organiseert de Pommerantenpreek. Een pommerantenpreek is een bijzondere inspirerende bijeenkomst met de kerk als plaats van handeling. Er staat geen predikant op de kansel, maar een bekende Fries vertelt over zijn of haar passie en drijfveren en brengt die in verband met een Bijbelverhaal. Kontaktpersoon: dhr. Rommert Krijtenburg (voorzitter) Emailadres :
Read more
De ‘Raad van Kerken’ is yn Fryslân wol bekind. Dochs hjir in lytse útiensetting wêr’t de ‘Raad van Kerken’ yn Fryslân mei dwaande is. De Rie wol in spin yn it web fan de oekumene wêze. It is in platfoarm wêr’t ferskate wurkgroepen en projektgroepen harren ferhaal kwyt kinne en dêr’t de RvK mei yn
Read more
“Hânsume Help” is de namme fan in rige fan seis digitale wurkboekjes foar it Kristlik gemeentelibben, benammen mei it each op de foarming fan nije gemeenten. Yn de krimptiid foar de tsjerken ha guon minsken de moed hân om net oan fusy, mar oan fernijing en útwreiding fan besteande gemeenten te tinken en oan oprjochting
Read more
Begûn as inisjatyf fan domeny Gerrit Groeneveld yn Jobbegea, no in fêste kearn fan fyftjin pylgers dy’t alle moannen fan it winterhealjier in pylgerkuier fan sa’n 15 km dogge. Mear pylgers binne wolkom. Opjaan is winsklik, omdat de groep net te grut wurde moat. Tsjintwurdich binne der yn ’e regel sa’n 30, en 50 is
Read more
Wij zijn een protestantse gemeente die gericht is op het gesprek tussen mensen, tussen mens en God, tussen mensen en bijbelverhalen. Dialoog houdt in dat je bereid bent open te staan voor elkaar. Vandaar dat onze gemeente vogels van vele pluimages telt, modern van karakter is en probeert het christelijk geloof vorm te geven op
Read more
It doel fan de NBG is: Der yn foarsjen dat de Bibel safolle mooglik minsken berikt en oansprekt. De fersprieding fan bibels en al wat dêrta bydraacht. Kontaktpersoan: tel. : 023-5146153 emailadres: webside : www.bijbelgenootschap.nl bez. adres: Zijlweg 198, 2015 CK Haarlem postadres : Postbus 620, 2003 RP Haarlem
It kwartettekoar is yn 2006 ûntstien. It doel is it sjongen en fersprieden fan hjoeddeiske nije fryske lieten oer de fryske tsjerken. Hindrik van der Meer makket de measte komposysjes, tekstdichter Eppie Dam levert de measte teksten oan. It koar bestiet út in tachtich leden. Der wurdt trije kear yn ’t foarjier en trije kear
Read more
De krite is ophâlden te bestean mei yngong fan 20 augustus 2019 De krite holde foar de leden en oare belangstellenden yn it winterskoft in tal ynspirearjende, nijsgjirrige, noflike Frysktalige jûnen troch sprekkers út te noegjen. Winterprogramma 2018-2019 Winterprogramma 2017-2018 Winterprogramma 2016-2017 Winterprogramma 2015-2016
De krite is oprjochte op 10 maart 1955 en hat ta doel in rûnte te wêzen dy’t har ynset foar de Fryske taal en kultuer, sawol yn it tsjerklik libben as derbûten. Hja giet út fan it begjinsel fan lykberjochtiging. Mear ynformaasje oer de krite by de skriuwer: dhr. A Prins G.W. Navisleane 35 9251
Read more
De KFFB, de Kristlik Fryske Folks Bibleteek is de iennichste Fryske boekeklub. Wy binne in feriening mei leden. Wy jouwe alle jierren op syn minst trije boeken út. Al ús boeken binne skreaun yn it Frysk. Dizze boeken binne ek te krijen yn de boekhannel en yn de biblioteken. Foar leden wurde se foar de
Read more
Op inisjatyf fan de Rie fan de Fryske Beweging is ‘It Nijs’ sûnt 2009 yn ‘e loft. Yn ús berjochtjouwing hâlde wy ús by de feiten, net beynfloede troch eigen oardiel of foaroardielen mei njonken de aktualiteit ferdjipping en eftergrûnynformaasje. Mar der is ek romte foar jo eigen miening. Jo kinne fuortendaliks reageare ûnder artikels
Read more
Om informatie door te geven gebruiken we in de PKN te Franeker het kerkblad “De Binding”. Daarnaast geven we veel informatie met betrekking tot onze gemeente door via onze website. Als u klkt op: Franeker dan wordt u doorgelinkt naar de webite van de PKN te Franeker.
It Frysk Boun om utens hat neffens it karbrief as doelstelling: in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen; by oaren as Friezen, niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske taal, kultuer
Read more
Intrada is in muzykútjouwerij wêr’t jo de nijste lyturgyske muzyk fine kinne, sawol Frysk- as Nederlânsktalich. Muzyk foar bernekoar, mingd koar, frouljus- en manljuskoar op teksten fan Eppie Dam en Margryt Poortstra. De measte fan dizze teksten binne op muzyk set troch Jan de Jong en Hindrik fan der Meer. Sjoch foar mear ynformaasje op
Read more
It inisjatyf foar de Greidhoeketsjerkedei giet út fan de wurkmienskip fan predikanten fan de ring Boalsert (fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân) en in tal foargongers fan omlizzende gemeenten. Sy sykje nei moeting en útwikseling tusken gemeenten, troch it dielen fan it leauwen en de ynhâld fan it evangeelje. En sy hoopje dat dizze dei
Read more
De ‘Freonen Toer en Tsjerke Tsjom’ wolle bekendheid jaan oan it doarp Tsjom middels de Toer en Tsjerke fan Tsjom. Dit wurdt foaral stal jûn troch it jin ferdjipjen yn de skiednis fan it doarp, de toer en de tsjerke. Ek sette de freonen har frijwillich yn by rûnliedingen fan gasten ûnder it besjen fan
Read more
FOW Itens stiet foar: Frysk Oekumenysk Wurkferbân Itens. Doel: Fernijende liturgy en lieten yn in Frysk Oekumenyske tsjinst. Kontaktpersoan: foarsitter: Douwe Willemsma Hearedyk 37 8735 HP Itens skriuwster: Anna Marike Dijkstra-v.d.Woude Hearedyk 9 8735 HN Itens amdijkstravdwoude42@hotmail.com It doel is dat jo mei de tiid noch mear ynformaasje krije fia de link www.fryskow.nl It programma
Read more
FOWH stiet foar Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam. It doel is om geregeld yn de tsjerke fan Hjerbeam Fryske earetsjinsten te hâlden en sa tagelyk mei te wurkjen om de doar fan de tsjerke iepen te hâlden. Kontaktpersoan: Skriuwster Marijke van der Pol – Jorna Postadres : Klaarkampstrjitte 24, 8801 BD Frjentsjer Emailadres : marijkejorrepiek@hotmail.com
Read more
F.OE.T stiet foar: Stifting Fryske Oekumenyske Tsjerketsjinsten Súdwest Fryslân. Fryske Oekumenyske Tsjerketsjinsten yn Sleat. Begjin 1997 wiene der lûden om ek yn de Súdwesthoeke Fryske oekumenyske tsjerketsjinsten te hâlden. Der waarden oproppen dien en der kaam in gearkomste yn restaurant “Hjir is’t” yn Sint Nyk. Der waard in foarlopich bestjoer oprjochte en op 21 augustus
Read more
FOW Dongeradiel organisearret regelmjittich Fryske earetsjinsten yn de St. Annatsjerke yn Hantumhuzen. Wolle jo mear witte sjoch webside frysketsjinsten of www.fryskow.nl
Doel fan ‘e Wurkferbannen is it geregeld hâlden fan oekumenyske tsjerketsjinsten yn ‘e Fryske taal. Yn dizze tsjinsten is der faak spesjaal omtinken foar muzyk, moeting en ferwûndering Guon wurkferbannen organisearje dêrneist ek stúdzjegearkomsten en learhuzen of dogge oan liturgyfernijing. Ferneamd binne û.o. de Earnewâldster en de Itenser Rûnte. De oekumenyske wurkferbannen binne folslein autonoom,
Read more
It ferbân fan Fryske foargongers is yn 2019 opheven. It Ferbân fan Fryske Foargongers wie in selskip fan dûmnys en tsjerklike wurkers fan alle denomiaasjes, dy’t foargean meie yn tsjerketsjinsten, mar ek leden fan liturgy- en oare kommisjes. Elk fearnsjier komme se in kear by elkoar om elkoars preken en referaten op ynhâld en taalgebrûk
Read more
Untstean De Wurkgroep Tsjerkemuzyk Classis Fryslân PKN is yn’t libben roppen by de oprjochting fan it Protestantsk Tsjinstesintrum yn Fryslân. De wurkgroep is yn 2003 troch de Algemiene Klassikale Gearkomste yn Fryslân yn it libben roppen mei de ynstruksje om frege of samar, stypjende tsjinsten te ferrjochtsjen foar Earetsjinst en Tsjerkemuzyk. Ut ús deskundichheid wei
Read more
De oersetting fan de Heidelberger kategismus is makke troch it deputaatskip Fryske Earetsjinsten (DFE) fan de Grifformearde Tsjerken (frijmakke). Begûn yn 2005 as wurkgroep krige dy yn 2010 de offisjele status fan tsjerklik deputaatskip. It foarnaamste doel wie it fasilitearjen en befoarderjen fan de Fryske taal yn de earetsjinsten. Al ridlik gau die bliken dat
Read more
Frysk en Hollânsk: yn de Fryske tsjerken wurd op ferskate wize noch ûnderskie makke tusken deistige en hillige taal. Ûnderinoar prate we Frysk, mar rûnom de tsjint fan it Wurd brûke wy faaks úslutend it Hollânsk. Mar Hollânsk is krekt samin in hillige taal as Hebrieusk, Latyn en Arabysk dat binne. Yn ‘e Reformaasje fan
Read more
Der bestie in wurkgroep mei as doel de Fryske taal yn de (frijmakke) Grifformearde Tsjerken yn Fryslân te fuortsterkjen. De wurkgroep is yn 2005 út ein set. No hat de Partikuliere Synoade fan de Griff. Tsjerken (frijmakke) fan 2 Juny 2010 de Wurkgroep Fryske Earetsjinsten beneamd ta “Deputaatskip Fryske Earetsjinsten”. De needsaak foar it ûntstean
Read more
Ds. Doede Wiersma ferwurde de tsien wurden, de tsien geboaden sa: It evangely….giet oan de wet foarôf Ik , de Hear (JAHWEH) , dyn God, wol dasto yn frijheit libbest. Ast my derby helpe wolst tel dan op dyn fingers nei: Sy hawwe de tsien wurden op har fingers neiteld en yn dieden omset, sa
Read more
Yn oersetting fan dr. Liuwe H. Westra: Ik leau yn God de almachtige Heit, Skepper fan himel en ierde. En yn Jezus Kristus, syn ienling Soan, ús Hear, dy’t ûntfongen is fan ‘e Hillige Geast, berne út ‘e faam Maria, dy’t lijd hat ûnder Pontius Pilatus, krusige, stoarn en begroeven is, delgongen yn it deaderyk,
Read more
Geloofsbelidenis fan Nicea-Constantinopel 1 Ik leau yn ien God, de almachtige Heit, Skepper fan himel en ierde, fan al it sichtbere en ûnsichtbere. 2 En yn ien Hear, Jezus Kristus, de iennichstberne Soan fan God, berne út de Heit foar alle ieuwen; 3 Ljocht út Ljocht, wiere God út de wiere God, berne, net skepen,
Read more
Yn de tsjerken binne ieuwen lang belidenissen brûkt om koart en düdlik oan te jaan wat de kearn fan it leauwe ynhâld. Sa njonkenlytsen binne der hiel wat offisjele belidenissen ûntstien en/of yn eigen wurden opskreaun of op ‘e nij oerset. Hjirûnder in opnij ferwurde geloofsbelidenis. Ik leau yn God, de Skepper, dy’t de himel
Read more
De ûndersteande Lutherske oarder fan tsjinst – Orde van de hoofddienst-, wurdt brûkt yn de Ev. Lutherske gemeente fan Ljouwert. De oarder fan tsjinst is njonkeninoar ôfdrukt yn it Hollânsk en it Frysk. Klik op oarder fan ‘e haadtsjinst Evangelisch Lutherse Tsjerke Ljouwert.
De eucharisty is it belangrykste sakramint fan de Katolyke Tsjerke en Orthodokse Tsjerke. De Eucharisty is te fergelykjen mei it Hillich Nachtmiel dat yn protestantske tsjerken fierd wurdt. Neffens de Katolyke Tsjerke waard de Eucharisty troch Jezus insteld de jûns foar syn krusiging doe’t Hy my syn dissipelen it Hillich Nachtmiel hâlde. As jo op
Read more
Op 31-12-2012 hold it KFS op te bestean. Fanôf de oprjochting fan de stichting Krúspunt yn juny 2009 wie der al in stadige oergong makke fan KFS nei Krúspunt. Yn Burgum waard de oergong mei in feestlike gearkomste betocht. Yn in folle Krústsjerke waard ta beslút in fesper û.l.f. ds Hinne Wagenaar holden mei meiwurking
Read more
Taljochting by de fespers fan ds Liuwe H Westra Fespers binne koarte jûnstsjinsten mei twa swiertepunten, it lêzen fan in psalm en it bidden. Wy sykje yn ‘e fespers nei in lykwicht tusken: * wurden en stilte, * spanning en ûntspanning, * aktiviteit en wachtsjen. De fespers ferrinne allegearre neffens itselde petroan en de liturgy
Read more
Tiny Muskens: hy is no noch biskop, en dat is yn Nederlân in funksje dy’t altyd rejaal omtinken krijt fan krante en tillefyzje. Dat sil aansen oars wurde, as hy syn fierder libben yn it kleaster trochbringe sil. Hysels moat dan grif ek wenne, want hy wie net bang fan publisiteit. Just oarsom, sa út
Read more
Bestaat God volgens Klaas Hendrikse? ‘Geloven in een God die niet bestaat’ – ik geloof niet dat de Sint veel exemplaren van dit spraakmakende boek in Lollum en Waaksens zal bezorgen. Maar je weet het natuurlijk nooit, wat je in de schoen zult vinden op 5 of 6 december. Aan de uitgever en de media
Read more
Dank U, o Heer, ik wil U danken dat ik danken kan! Deze regels komen uit het vrolijke liedje ‘Dank U voor deze nieuwe morgen’. Tijdens de laatste doopdienst in Waaksens zijn ze nog gezongen. Het liedje staat in de overbekende bundel ‘Alles wordt nieuw’ van Hanna Lam en Wim ter Burg. Voor mijn gevoel
Read more
weer Het woordje ‘weer’ is één van de meest voorkomende woorden in het Nederlands. Eigenlijk zijn het drie woorden, die er hetzelfde uit zien: ‘de weer’, ‘het weer’ en gewoon ‘weer’. Je hoort de mensen het minst over de eerste: ‘in de weer zijn’ betekent hard werken, het druk hebben, weten wat je te doen
Read more
reserve Op it stuit dat ik dizze meditaasje skriuw, leit alles noch ûnder de snie. Dat hiene wy in skoft net meimakke, en dat wie te merken. De treinen en bussen wiene der lang net op klear (de deis dat al dy snie kaam haw ik ûnfrijwillich yn Ljouwert oernachtsje moatten), en it reinde ôfsizzings
Read more
Koartby wie der wer in stoarm yn in glês wetter. God soe himel en ierde net ‘skepen’ (‘geschapen’) hawwe, mar ‘skaat’ (‘gescheiden’). Of eins: it wurd dat yn ’e Bibel altyd mei ‘skeppe’ oerset is, soe eins ‘skiede’ betsjutte. Mei oare wurden: de ierde hie der altyd al west. God hat de ierde net makke,
Read more
de ein It begjin fan it winterwurk is ek it begjin fan in nij binnendoarseizoen: biljerte, soos, damje, ferienings, neam it allegear mar op. Tagelyk is it de ein fan it bûtendoarseizoen, fan it keatsen mar ek fan it wurk op ‘e tún, fan de toeristyske sektor mar ek fan it binnenheljen fan de
Read more
de kerk: plaats van gevraagd en ongevraagd advies Het hoort bij het leven: adviezen. Omgaan met adviezen ook, en dat valt niet altijd mee. Hoe iemand met adviezen omgaat, zegt ook heel veel over die persoon. Als je iemand beter wilt leren kennen, zou je diegene best eens even een goede raad kunnen geven, en
Read more
wat minder domeny? Ja, doe stie it ynienen yn ‘e krante: domeny Westra krijt de kâns om foar in pear dagen yn ‘e wike te wurkjen oan ‘e universiteit. Iderien dy’t my in lyts bytsje ken, wit dat dit in hiel bysûndere kâns is dy’t ik persoanlik graach oangryp. Mar wat betsjut soks foar it
Read more
Griene tiid Wy meitsje der yn Lollum en Waaksens noait safolle drokte om, mar yn guon tsjerken wurdt sterk wurke mei liturgyske kleuren. Dat is in erfenis út ‘e Roomsk-Katolike Tsjerke krekt as de peaskekears en de doopkears. Troch de kleur, sa is de bedoeling, krijt de tsjinst in beskate sfear, in grûntoan, dy’t jo
Read more
Belijdenis = doen Het is een bekend woordgrapje: belijdenis doen? Belijden is doen! Het vreemde is, dat mensen bij dat doen vaak aan heel iets anders denken dan bij het belijden. Het lijkt dan vaak te gaan om zaken als eerlijkheid, eerbied voor het leven, respect voor de naaste, er zijn voor de mensen die
Read more
Jild yn de Bibel Sa út en troch wurde der yn ‘e Bibel jildbedraggen neamd, en dan sitte wy gau mei in probleem. Hoefolle wie dat jild fan doe wurdich? Faak witte wy dat net iens presys, en dan noch is it lestich te sizzen. Yn myn Christelijke Encyclopedie út 1957 stiet dat in Grykske
Read more
Ruilje? Ruile is ’t ! Bern sjogge faak dingen fan oaren dy’t se moai fine, en wat moatte jo as jo it dan hiel graach hawwe wolle? Ofpakke mei net, keapje kin net, de jierdei of Sinteklaas duorret noch sa’n skoft – en in protte bern binne dan sa snoad, dat se besykje om yn
Read more
Stille nacht Wat is het bekendste kerstlied? Lastig te zeggen, want er zijn zovéél kerstliederen die iedereen zo kan meezingen. Maar internationaal gezien is ‘Stille nacht’ wel de topper. Het lied is in honderden talen bekend, en ook muzikaal zijn er vele variaties. Onlangs stond er iemand in de krant, die, ik geloof, 300 verschillende
Read more
Salomo: spiler tusken wiisheid en dwaasheid Neam de namme Salomo, en wêr tinke jo oan? Oan wysheid! Salomo wie ien fan ‘e jongste bern fan David, en net ien hie tocht dat hy de troan krije soe nei syn heite ferstjerren. Al ferskate fan syn âldere broers hiene tocht, dat se de macht gripe koene.
Read more
Altijd zo geweest? Ach, de kerk, daar verandert nooit iets. Hoe vaak ik die opmerking niet moet horen! Het is een bekend smoesje om niet te vaak in de kerk te komen van mensen die er niet veel van moeten hebben. Maar de mensen voor wie de kerk belangrijk is, zeggen vaak hetzelfde, zij het
Read more
De katedraal fan Gloucester Yn ‘e tiid dat wy noch fytsfekânsjes diene, hawwe wy ek in kear Ingelân oandien. Krekt as alle lannen bûten Nederlân hat dat it neidiel, dat der oeral heuvels binne en dat falt mei de fyts net altyd ta. Mar as jo dy muoite dogge wurde jo ek beleanne mei skitterjende
Read more
De morgen In de zomer krijgen we weer onze extra portie daglicht, en wie de morgen goed meeneemt kan in deze tijd weer heel wat doen. Liefhebbers van Dik Trom herinneren zich misschien wel, dat Dik in de zomer bij voorkeur om 5 uur opstaat, omdat hij het zonde vindt in bed te liggen als
Read more
Under de himel De simmer is de tiid dat minsken bûtendoar wêze wolle. Sels de tsjerke hâldt byienkomsten yn ‘e iepen loft of yn tinten, en dat wol wat sizze. In minske moat in dak boppe de holle hawwe, mar simmerdeis fine in protte neat moaier as ûnder dat dak wei, en de lijte fan
Read more
Vrijheid en bevrijding Bij de vaste verhalen die worden opgehaald rond 4 en 5 mei hoort ook de grote rol die de kerk in de oorlogsjaren voor veel mensen gespeeld heeft. De Duitsers waren nog niet zo lang in het land, toen konden de dominees het al merken: nood leert bidden. Veel mensen waren bang,
Read more
Nathanael Aan het begin van het Evangelie van Johannes staat hij genoemd, een discipel die een paar intrigerende opmerkingen van Jezus losmaakt, en van wie we verder bijna niets weten. Wie was hij, en vooral: hoe kon Jezus zeggen dat hij ‘een Israeliet zonder bedrog’ was? Het verslag dat Johannes aan het eind van zijn
Read more
Telle Dit is wer de tiid, dat yn ‘e tsjerken de jiersifers opmakke wurde. Dat betsjut: telle, telle en nochris telle. Sinten, minsken en funksjes. Yn dy folchoarder? Yn ‘e praktyk faak wol. Dat tellen is wurk, dat yn tsjerke net altyd it omtinken en ek de eare krijt dy’t it takomt. It giet ommers
Read more
40 dagen lang As dit nûmer fan Underweis útkomt, sitte wy al wer eefkes yn ’e 40 dagen. Dy 40 dagen binne in hiel skoft, en sa fielt it ek. De Advint is eins altyd earder foarby as dat men it yn ’e gaten hat – soms duorret dy tiid mar krekt trije wike, en
Read more
Dautraapje op Himelfeartsdei Meditaasje fan Ds. Hinne Wagenaar foar it programma ‘Prelude’ fan Omrop Fryslân Radio. Snein 20 maaie 2007: de snein tusken Himelfeart en Pinkster yn. Bêste harkers, Ofrûne tongersdeitemoarn ha wy mei guon minsken fan ús gemeente, de prot. gemeente fan Wurdum en omkriten, te dautraapjen west. In pear oeren foar it moarnsgebed
Read more
Dreame Yn tsjerke ha wy in oare kalinder as yn it ‘gewoane’ libben. Aldjier fiere we yn de sekuliere kalinder oan it ein fan desimber. Fan de iene dei op ’e oare is it samar nijjier. Ofsjoen fan it jieroersjoch fan it “Journaal”, it “jaaroverzicht Studio Sport” en in kabaretier dy’t ús op ’e âldjiersjûn
Read more
Earlike Hannel: Jakobus 5: 1-6 Harkje ris, rikelju: begjin mar lûd te gûlen om ’e rampen dy’t oer jimme komme sille. Jimme rykdom is ferrotte, jimme moaie klean binne fan ’e motten tefretten. Jimme goud en sulver is ferroste. Dy roast sil in oanklacht tsjin jimme wêze en jimme fertarre as fjoer. Skatten hawwe jimme
Read more
In Ferskuorrend Ferhaal: Rjochters 19 Dizze kommende wike stiet yn ús tsjerken yn it teken fan it Wrâlddiakonaat. De measte gemeenten jouwe hjir oare wike snein omtinken oan, mar wy yn Wurdum binne der hjoed al mei dwaande. It lanlike tema dit kear: “stypje de striid tsjin de hannel yn froulju”. Mei de diakens ha
Read more
‘It lûd fan in lichte koelte’ I Keningen 19: 11-13 It wie de freedtemoarn foar Pinkster. It wie in gewoane wike west mei it besykjen fan minsken; mei de gearkomsten; mei it regeljen fan de tsjinst foar Pinkster; mei it skriuwen fan it tsjerkeblêd; mei it neitinken oer it nije seizoen; mei it skriuwen fan
Read more
“Sykje, en jimme sille fine ‘’ Matteus 7:7 Thús yn ús eigen hûs, yn ús eigen doarp en yn ús eigen omjouwing kinne we alles op ’e taast hast wol fine. Mar as wy mei fakânsje yn ûnbekende kontreien binne dan is dat net sa. Dan moatte wy sa no en dan hiel wat ôfsykje
Read more
Peaskewacht: Dizze moarn hoege der net al tefolle wurden sprutsen te wurden. Alles is ommers al sein troch de symboalen, de lieten en de lêzingen. Wy binne hjir fan ’e moarn ierebetiid (6.00 oere), it wie noch tsjuster, by inoar kommen om de opstanning fan Kristus te fieren. Nei de spannende dagen fan de ôfrûne
Read more
‘Moarnsier, doe’t it noch tsjuster wie’ (Johannes 20: 1) Yn alle fjouwer evangeeljes begjinne de opstanningsferhalen yn ’e iere moarn (sjoch Mattéus 28:1; Markus 16:1; Lukas 24:1 en Johannes 20:1) Jezus wie krusige op freed, foar de Sabbat. Dy sabbat begûn op freedtejûn by it tsjuster wurden en duorre oan te mei de sneontejûn. De
Read more
ADVINT 2008 – ÛNDERSKIEDE WÊR’T IT OM GIET Filippiërs 1: 9,10a ‘En hjir bid ik om: dat jimme leafde noch oerfloediger wurde mei troch kennis en alle goed oanfielen, om ûnderskiede te kinnen wêr’t it om giet.’ Gûle en laitsje De Bertetsjerke yn Betlehem wurdt beheard troch trije tsjerkegenoatskippen. Foarich jier wie it der
Read more
DIEREDEI 2009 – LEGE HANNEN FOL FREUGDE Mattéus 5:3 ‘Lokkich de earmen…’ Snein is it dieredei, de nammedei fan Sint Fransiskus. Begjin foarich jier wie ik yn Reahûs yn de Sint Martenstsjerke by de presintaasje fan ‘Wurden fan de Berch’, de nije liturgy fan Eppie Dam en Hindrik van der Meer. Coby de Boer fertelde
Read more
It is hjoed Palmpeaske. Wy tinke der oan hoe’t Jezus mei grutte freugde Jeruzalem ynhelle waard, as de Fredefoarst dêr’t Sacharia fan profetearre: Jubelje bliid, dochter Sion! Rop it út, dochter Jeruzalem! Sjoch, dyn kening komt nei dy ta, rjochtfeardich en oerwinnend. Hy is nederich en rydt op in ezel, op in fôle, it jong
Read more
OCULI – 3e snein fan de 40 dagen Psalm 25: 15 ‘ Ik hâld de eagen aloan op de Heare.’ Der wurdt sein dat wy hjoedtedei yn in byldkultuer libje. By elk wurd heart in plaatsje, in videoclip, in reklamespot of in powerpoint-presintaasje. Dêr past dy psalm 25 moai by: ik hâld de eagen aloan
Read more
Mattéus 6:6 ‘Gean yn jo keammerke’ Simmertiid, tiid foar in protte minsken om ta rêst te kommen, op reis te gean en wat fan de wrâld te sjen. Tiid om der op út te gean en tiid om nei binnen te kearen. Lêsten gong ik foar yn in tsjinst, dêr gong it oer bidden, oer
Read more
De lêste deis, it hichtepunt fan it feest, stie Jezus dêr en rôp: As der ien is dy’t toarst hat, lit him by My komme om te drinken! Dy’t yn My leaut, sil it gean lykas it skriftwurd seit: Streamen fan libben wetter sille út syn binnenst floeie. Johannes 7: 37,38 Streamen fan wetter… Ik
Read more
Meditaasje ds. T. Tibma Markus 1: 12,13: Fuort dêrnei dreau de hillige Geast Him de woestyn yn. Fjirtich dagen lang bleau Er dêr; Hy waard troch de satan hifke, libbe tusken de wylde bisten en de ingels stiene foar Him klear. Leauwe, hoop en leafde Fjirtich Dagen foar Peaske. Fjirtich Dagen om stil te wurden
Read more
Eén lange sliert van mensen over de Slachtedyk van Boazum tot Reahus… Zo ver het oog reikt… Dat is het prachtige beeld dat ik van gisteren meeneem. En nog een gedachte neem ik mee: namelijk hoe bijzonder het is, dat steeds meer mensen naar lopen verlangen… Kennelijk gaat het allemaal te snel, van hier naar
Read more
‘De ferwachting fan it Keningskip fan God en de ienheid fan de tsjerken’. Dit is de titel dy’t ds. P. Magré mei jaan wol oan de preek dy’t hy yn it ramt fan de gebedstsjinst om ienheid fan de tsjerken skreaun en holden hat. It trochfertellen fan de bibelske ferhalen en it libben hâlde fan de
Read more
Wy sitte hjir mei gemingde gefoelens. Bliid om elkoar te sjen, en hooplik fleurich. Mar meskien ek wol teloarsteld, dat der net mear binne. Of mei it gefoel dat in oarnsbyienkomst op nijjiersdei yn tsjerke net mear fan dizze tiid is. Gemingde gefoelens hearre by minsken, hearre by de minsken yn tsjerke. Sa komme wy
Read more
(Gesang 144 út It lieteboek foar de tsjerken 1973) De man dy’t dit liet skreaun hat, hat syn part fan ‘e ellindewol hân. Paul Gerhardt libbe yn ‘e 17de iuw yn Dútslân, wat no it eastlike part is. Dêr is it yn ‘e 30-jierrige oarloch ferskriklike mâl gien. Yn dy wrâld ferlear Gerhardt syn heit
Read more
Kryst is it feest fan kontakt. Kontakt, waarmte en plak foar elk. In plak foar elk minske tusken de oare minsken. In plak foar de wrâld ûnder de himel. In plak foar de himel yn ‘e herten fan ‘e minsken. Mei it berntsje Jezus stjoert God ien nei de ierde ta, dy’t nei ús harket. En
Read more
Foar syn preek op âldjiersjûn (2012) dûkte domeny Liuwe Westra fan Lollum yn Psalm 16. In lestich en nuver gedicht. Om goed útkomme te litten wat der yn dy psalm bart, moast er him suver op ‘en nij oersette. Lit ús dat ek dwaan, gemeente. Net allinnich troch de tilleskoop sjen, mar ek troch de mikroskoop. Alle
Read more
Preek foar aldjiersjûn oer psalm 18 En it aparte fan dizze psalm is, dat der ferbân is tusken ierdsbevings of ierdskokken en oare natoerferskynsels oan ’e iene kant, en it leauwen en it betrouwen fan David de dichter oan de oare kant. In ferbân, ja in wikselwurking. Want fan it begjin fan it gedicht ôf,
Read more
Keningsdei 2015 Us keningskip is oars, en dêr meie wy bliid om wêze. By ús makket de wet de kening, de kening makket net de wet. En de wichtichste funksje fan ‘e kening is, dat er soms in bytsje bystjoere kin, as de keazen machthawwers tefolle har eigen belang en de koarte termyn foar eagen
Read more
Thomas – de namme betsjut letterlik ‘twilling’. Minsken dy ’t Hibrieusk praten wisten dat wol, mar Jehannes skriuwt syn Evangeelje yn it Gryksk, en net alle Grykske minsken koene dat witte. Sadwaande. De namme Thomas is ûntstien, doe’t in Joadske heit en mem in kear twillingen krigen,en it iene berntsje in bepaalde namme joegen, en
Read more
De lêzing út II Samuel 13 konfrontearret ús op dizze sindingssnein mei de hurde realiteit fan it libben, yn dit gefal fan it misbrûk fan macht en seksualiteit. It ferhaal fan Amnon en Tamar, tegearre mei de ferhalen fan de Tamar kampanje út Súd Afrika (it materiaal fan Kerk in Actie),drukt ús slim mei de
Read more
Gebed om rêst God, jou my de rêst om te akseptearjen wat ik net feroarje kin, de moed om te feroarjen wat ik kin en de wiisheid om it ferskil te sjen. Amen Wy libje yn in wrâld wêryn hiel wat bart en wêryn hiel wat geande is. Wy sjogge it op TV en lêze it yn de
Read more
Wy fiere hjoed de jierlikse iepenlofttsjinst, organisearre troch de Protestantske gemeente fan Wurdum e.o. en de Roomsk Katolike parochy fan Wytgaard. As tema ha wy keazen: ‘Eigenwijs of samen sterk’? Dat hat fansels te krijen mei ús ferline en mei ús fisy op de takomst. Wy ha yn it ferline fan alles op ús eigen
Read more
Preek foar Wite Tongersdei. Yn it boek Hannelingen fan de Apostels seit Paulus tsjin de minsken fan Efeze, wannear’t hy op it punt stiet om harren te ferlitten: ‘Jaan jout mear gelok as krijen’. Dizze wurden fan Paulus jouwe in goede wjerslach fan it minsklike libbensgefoel, ek fan hjoed de dei. Wy wolle net ôfhinklik
Read more
Yn de oanrin nei de Paulus musical yn maart ha wy fiif learhûsjûnen ynroastere. Wy hawwe ús yn it learhûs mei sa’n 25 minsken bûgd oer de tematyk fan de (homo) seksualiteit. Nei de tema’s fan de diskriminaasje fan Joaden (Joad of antysemyt) en de ûnderdrukking fan froulju (Seksist en feminist), binne wy hjoed ta oan de hâlding
Read more
Meditaasje foar Tankdei 2009. Oekumenyske tsjinst fan de Protestantske gemeente fan Wurdum e.o. en de Roomsk Katolike Parochy fan Wytgaard) Op dizze tankdei, no’t wy byinoar binne foar dit jûnsgebed, wol ik foaral meditearje oer de wurden ‘Tankje God ûnder alle omstannichheden’. Dat wy blykber tankje ‘moatte’ yn goede en yn minne tiden; yn tiden fan rykdom
Read more
It is hjoed in histoaryske dei! Op 8 juny 1908 kamen ds. Huismans, Dr. Wumkes en sa’n 50 oaren by inoar om it Kristlik Frysk Selskip (KFS) op te rjochtsjen. Dêrmei bestiet it KFS hjoed op de dei ôf 100 jier. Op 8 juny 1908 wie it Pinkstermoandei en dus harken hja nei de wurden
Read more
Op dizze lêste snein Anno Dominy 2007, yn ‘e foarjûn fan âldjiersdei, komme wy der net ûnderút om it âlde jier te beskôgjen. Lês hjir de hiele preek
Fan domeny Hinne Wagenaar is by gelegenheid fan syn ôfskied fan de Prot. Gem. Wurdum in bondel mei preken útkommen by de KFFB. Yn it foaropwurd skriuwt er oer it ferhaal fan de Toer fan Babel, in ferhaal dat faak sa útlein is as soe it ferskaat fan talen op ierde in flok of in straf wêze. Ds.
Read more
Yn dizze fryske tsjinst betinke we – mei oare fryske tsjerken – dat foar de 50-ste kear yn Grand Rapids in jierlikse fryske tsjinst hâlden wurdt. Dat is meiiens ek de lêste fryske tsjinst yn dizze tradysje. Lês hjir de hiele tsjinst fan ds. T. Hibma
As der immen stoarn is, dan sizze de minsken wolris: yn de geast libbet er dochs troch by ús. We tinke, ek op dizze peaskesnein, oan dy mins dy’t wy leafhiene, wy wolle har of him graach fêsthâlde, yn oantinken hâlde, we bewarje dat oantinken yn ús hert en dan sizze we: sa libbet dy
Read more
It part dat we fan’e moarn, op de achtste snein fan Epifany, hearden út it evangeelje, giet oer de gelikenis fan de fruchten en oer in hûs mei en sûnder fûneminten, is it ein fan de saneamde ‘fjildrede’ fan Jezus yn it Lukasevangeelje. Lês hjir de hiele tsjinst fan ds. T. Hibma
It is hjoed de tredde snein nei epifany, de grykske namme fan it trije-keningenfeest op 6 jannewaris. It feest fan epifanie dat benammen yn de easterske tsjerken fierd wurdt is it feest fan de ferskining fan ús Hear Jezus. Lês hjir de hiele tsjinst fan ds. T. Hibma
Hertlik wolkom yn dizze tsjinst fan gebed om hieling en genêzing. Allegearre, de siken, dy’t selsstannich kommen binne, lykas mannich sike selsstannich by ús Hear en Ferlosser Jezus Kristus kaam. Lês hjir de tsjinst fan ds. P. Hekstra
De bycht is in middel om oan God en minsken te bekennen, wat jin dwers sit troch eigen ûngerjochtichheden. De bycht kin deistich thús plakhawwe. Men kin thús oan God en minsken om ferjouwing freegje. Neffens syn belofte wol God oan elk, dy’t berou oer syn sûnden hat, alle sûnden ferjaan omwille fan it offer
Read more