Betingsten Bernard Smilde priis 2020 Foarôf: De Stichting Krúspunt is fan betinken, dat der yn Fryslân te min eigentalige tsjerkelieten yn libben gebrûk binne. Der is in protte materiaal yn bondels beskikber, mar de measte fan dy bondels binne yn breder fermidden ûntstien, en ús docht bliken dat net alle lieten yn bygelyks it ‘Lieteboek,
Read more
“Minderheidstalen en -kultueren moatte it faak ôflizze tsjin de oerhearsking fan dominante kultueren. By de fersprieding fan it kristendom wie meast gjin omtinken foar lytse talen, kultueren en folken, foaral net yn de perioade fan it Westerske kolonialisme. Yn de lêste 50 jier hawwe Afrikaanske kristenen heftich protestearre tsjin de antropologyske earmoed dy ’t dat
Read more
Joazef op ‘e flecht mei it bern en syn mem, nei Egypte. In aktueel byld: minsken op ‘e flecht: mannen, frouwen en bern. In byld fan alle tiden. Alle tiden troch binne minsken ûnderweis, omdat se har net feilich fiele, bedrige wurde troch minsken, troch honger of natoergeweld. Wy minsken wenje no ien kear net
Read more
Krúspunt: De ûnderskate paden komme byelkoar yn it chi-ro teken. In iepen moetingsplak foar eltse christen, dêr’t elk syn eigen ynbring ha kin. De letter T is it krús, om’t eltsenien dit kin as kristlik symboal. Oer alles hinne it reade pompeblêd, dat stiet foar it Fryske karakter fan Krúspunt. Omskriuwing fan Matthijs Mol: ûntwerper
Read more
Yn ’e âlde doarpstsjerke fan Jorwert fûn op 2 juni 2009 de feestlike oprjochtingsgearkomste plak fan Krúspunt, it nij Frysk Oekumenysk Platfoarm, fuortsetting fan it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip 1908-2008 (KFS). Op inisjatyf fan de Rie fan Tsjerken yn Fryslân hawwe in grut tal organisaasjes dy’t harren rjochtsje op it befoarderjen en it
Read more
Op de efterkant fan it boek ‘De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu” skreaun troch Jan Popkema (1942) fan Burgum stiet it folgjende te lêzen: “By it begjin fan de 20e ieu wie it brûken fan Frysk yn it godtsjinstige soksawat as flokke yn ‘e tsjerke. De oprjochting fan it Kritslik Frysk Selskip yn 1908
Read more
Yn frijwat gemeenten wurdt sneins materiaal fan útjouwers brûkt, dat oer it generaal wol goed is. Bytiden binne de projektlieten (yn Advint en 40-dagen) fan minder kwaliteit. Ds. Reitsma hat doe (yn Goutum) in alternatyf makke, dat troch Olchert Clevering fan Ljouwert op muzyk set is. De ynhâld fan de 7 strofen slacht hieltyd op de
Read more
Pinksterliet Fan himelheech waait fjoer en wyn ’t ôfladen hûs mei minsken yn. Yn taal en teken komt de Geast, de waarme amme fan Gods treast. Sa’t nei it rispjen d’ earsteling in teken is fan nij begjin dat oan de deade grûn ûntsprút, sa wiist de Geast ús hjoed foarút. Sy sprekt in taal
Read more
1. By it oanstekken fan de kearsen fan Advint: ‘Lytse kears, ik stek dy oan’ Boarne: Tusken Rein en Sinne, nû. 26 Bylage: –muzyknoaten mei de tekst: It Klinkt sa: 2. Liet om te brûken yn de Advint (bygelyks eltse wike in oar kûplet): ‘O kom, o kom Emmanuel’ Boarne: Lieteboek
Read more
meditaasje It Krystfeest yn in wrâld fol geweld. “Och domeny, de Bibel is wol in moai boek, mar wat stiet der in soad geweld yn. Foaral yn it Alde Testemint! Wy hawwe dêr wol muoite mei. Nee, dan fine wy it ferhaal moaier fan Kryst.” Sokke wurden hear ik faak. En dat jildt net allinnich
Read more
De Hear sil foar jo stean, om jo it paad te wizen. De Hear sil neist jo gean, en syn earm om jo hinne slaan, om jo te beskermjen tsjin it gefaar fan lofts en rjochts. De Hear sil efter jo stean, om jo te bewarjen foar it kwea fan kweawillige minsken. De Hear sil
Read more
De segen fan Aäron is in prysterlike segen, dy’t yn in prote kristlike tsjerken en gemeenten in fêst ûnderdiel is fan de liturgy: Mei de Heare dy segenje en behoedzje. Mei de Heare dy mei it ljocht fan syn antlit beskine en dy genedich wêze. Mei de Heare syn antlit nei dy takeare en dy
Read more
It troch Th. Naastenpad skreaune liet ‘God heeft gesproken in de tijd’ is troch Jacobus Knol oerset yn ‘God hat sprutsen yn de tiid’. De sjuery keas it as bêste nije krystliet 2014. Knol wûn yn 2014 dêrmei de Bernard Smilde. It oersette liet
De dichter Eppie Dam hat in Fryske oersetting fan syn liet makke, dy’t ek past op ‘e bekende wize fan Hindrik van der Meer. In prestaasje fan komsa, en dat de oersetting fia Krúspunt bekend makke en brûkt wurde mocht, binne wy wol in bytsje grutsk op! besjoch hjir de oersetting
Binne jo bekend mei de fjouwer lieten oer de Tsjinstfeint fan de Heare? Hja binne te finen yn it twadde diel fan it Jesajaboek, de haadstikken 40-55, skreaun yn de tiid fan de Balingskip fan it Judeeske folk yn Babel ( fiifde ieu foar Kristus). De skriuwer wol bemoedigje en treaste, dat wie wol nedich,
Read more
De titel Tiden tsjut dat dizze seis gedichten as tema “de tiid” hawwe. Wy geane nei Bibelske tiden en freegje ús ôf: hoe tochten Mozes (1500 jier foar Kr.), kening David en syn soan kening Salomo (1000 jier foar Kr.) oer de tiid? Hja belibben de tiid persoanliker as no, tinkt my. Guon teksten oer
Read more
Yn de ynlieding skriuwt de dichter Siebren Woudstra: Op it Peaskefeest waard by Israel steefêst op’e achtste dei de tekst fan it Heechliet nei foaren brocht. It is dan ien fan de fiif saneamde “feestrôlen”(mei Ruth, Preker,Kleilieten en Ester). De namme yn it Hebrieusk tsjut oan, dat dit it aldermoaiste sjongboekje achte waard, dat yn
Read more
Doopliet Earst is dêr it wylde wetter, tsjuster en gjin fisk te sjen, gjin hân is dêr foar eagen net ien dy’t al wat wurden ken. Earst is dêr de geast fan ieuwen, dy’t krêft is, witten, fjoer mar dy’t noch nergens daget fan tiid net wit en dei en oer’. Pas wannear’t de geast
Read more
Oersetting yn’t Frysk fan “Jezus zegt dat hij van ons verwacht” Jezus seit, Hy wol, dat wy allegear binn’ in moai lyts kearske, of in ljochte stjer. En Hy wol dat ider ljocht jout ta syn ear’, do en ik net minder mar altyd mear. Jezus seit, Hy sjocht elk syn lampke wol, oft it
Read more
Moarnsgebed fan de lêste startsen fan it kleaster yn Optina. Hear, jou dat ik mei inerlike rêst alles temjitte gean mei wat dizze dei my bringe sil. Meitsje dat ik my folslein oerjaan kin oan Jo hillige wil. Underrjochtsje en stypje my yn alles op alle oeren fan dizze dei. Hokfoar berjochten ik ek yn
Read more
Ivige God, somtiden is de Bibel helder en begryplik foar ús. Oare kearen bliuwt it in slúten boek foar ús. Sa liket it ek wolris mei ús eigen libben: sa no en dan liket ús libben helder en dúdlik, mar dan kin ús libben samar feroarje, en is alles ynienen ûndúdlik, pynlik, in riedsel. Dêrom
Read more
Ivige en goede God, Net allinne fanwege it geweld fier fuort, oeral op ierde, bidde wy. Mar ek fanwege it geweld tichteby, yn ús eigen lân yn ús eigen fermidden ja, yn ús eigen libben. Dêrom bidde wy: Hear, ûntfermje Jo. Net allinne fanwege de pine en de ellinde fier fuort, oeral op ierde, bidde
Read more
Foar’t wy fierder geane, wolle wy earst stil wurde en ús soargen en ús need beneame. Der is in soad dat prachtich is, mar tegelyk tôgje wy allegear ús pine en ús leed mei ús mei. Dêrom wolle wy bidde om ûntferming foar de wrâld, foar de wrâld tichteby om ús hinne, en foar ús
Read more
Gebed om Geast Hillige Geast, wy bidde Jo kom yn ús fermidden en reitsje ús oan! Hillige Geast, wy bidde Jo brek troch de muorren hinne de muorren dy’t wy opbout hawwe om ússels hinne de muorre tusken ússels en oaren de muorre tusken ússels en ús eigen hert de muorre tusken ússels en Jo.
Read more
Tank No’t alles om ús hinne rêstich wurdt en stil komme wy ta Jo Hear. Wy tankje Jo foar dizze dei, wy tankje Jo foar it libben, foar de minsken dy’t wy moete ha, foar alle lytse freugden. Wy tankje Jo foar alle rykdom yn ús libben: foar ús iten eltse dei foar in dak
Read more
‘O fij jonge. Dit giet te bot!’ Doe’t de noch jonge Jan Jelles Hof, de lettere sjoernalist, skriuwer en taalstrider (1872-1958), nei iten it bibellêzen in kear oernaam fan syn heit, krige er net de Statenvertaling, mar de Fryske oersetting fan it evangeelje fan Mattéus. Hy lies: ‘Us Heit yn ’e himel.’ Nei it Amen sei
Read more
Hjirûnder steane boeken en CD’s, dy’t de ôfrûne jierren ferskynd binne. Der binne gjin ferkeapprizen by set. As de titels net mear by de útjouwer of boekhannel te krijen binne kin der ek op ynternet socht wurde. titel : De gitaar by it boek (nije stavering) útjouwer : KFFB nûmer : 470 ferskynd
Read more
Brûke jo as gemeente geregeld it Fryske Us Heit, of soene jo dat faker dwaan wolle? Faak rinne minsken tsjin it probleem oan, dat se it Onze Vader al, mar it Us Heit net út ’e holle kinne. Yn ’e tsjerken fan Burchwert en Hichtum hawwe wy dat oplost, troch by de yngong lytse, plastifisearre A6-kes del te lizzen
Read more
Bliuw kalm by alle drokte en haast om dy hinne, en betink, wat in frede der fan stilte út gean kin. Hâld alle minsken ta freon, sûnder it sels te belijen. Kom rêstich en klear foar dyn miening op, en harkje nei oaren: ek dy hawwe wat te fertellen. Bliuw by skreauwerige en agressive minsken
Read more
1 Sint Ludgérus, Fries en Kristen, bern’ yn eigen taal en folk; fan it leauw’ yn Jezus Kristus yn ús Heitelân de tolk. Pryster, hoeder yn ús midden, boade fan Gods sillich heil, jo ha from ús leard te bidden; wy gean op jo wurd te seil. 2 Jo, patroan fan dizze tsjerke, ljochtsje mei
Read more
Naam: Stifting Doarpstsjerken Lollum-Waaksens RSIN: 8538.20.648 Postadres: Elshoutbuurt 1, 8823 SV Lollum Doelstelling: Het beheren, in stand houden en exploiteren van de monumentale kerkgebouwen (Buorren 9 te Waaksens en Kerkstraat 1 te Lollum). Met bijbehorende begraafplaatsen, alsmede overige onroerende zaken. Hoofdlijnen beleidsplan: – contacten met de PKN Lollum/ Waaksens en St. Tjerkerestauraasje L/W en diverse
Read more
Namme: Hervormde Stichting Vermogensbeheer Hervormde Gemeente Lollum-Waaksens / Protestantse Stichting Vermogensbeheer Protestantse Gemeente te Lollum-Waaksens RSIN: 806930019 Postadres: Buorren 23, 8845 SG Waaksens Doelstelling: Het verkrijgen, beheren en administreren van alsmede het beschikken over vermogenswaarden (inclusief registergoederen) op een zodanige wijze dat de belangen van de Hervormde Gemeente Lollum-Waaksens / Protestantse Gemeente Lollum-Waaksens op een
Read more
Naam: Stifting Tsjerkerestauraasjes Lollum en Waaksens RSIN: 8095.77.239 Postadres: Waaksenserwei 2, 8823 SX Lollum Doelstelling: Het realiseren van kerkrestauraties aan de monumentale dorpskerken van Lollum en Waaksens Hoofdlijnen beleidsplan: In 2014: voorbereiding restauraties fase 2 (Waaksens) en fase 3 (Lollum); in 2015 uitvoering van de restauraties; in 2016 planning laatste fase Lollum. Namen en functies
Read more
Tolkien en de syktocht nei de wierheid Doe’t John Ronald Reuel Tolkien mei it boek The Lord of the Rings by syn útjouwer oankaam, wie dy earst net entûsjast. It boek wie him fierstente tsjok en fierstente yngewikkeld. Hy woe eins dat Tolkien it ynkoarte, mar dy woe dêr net fan hearre. Der kaam in
Read more
In het ‘Historisch Tijdschrift voor de Gereformeerde Kerken in Nederland’, nr. 28. 2013 publiceerde dhr. Koen Zondag een uitvoering artikel met betrekking tot het gebruik van de Friese taal in de kerk en met name in de Eredienst. Met instemming van de redactie van het tijdschrift en de schrijver kunt u het artikel (tekst en foto’s)
Read more
Sneon 21 maart 2015 wie de jiergearkomste fan Krúspunt. Njonken de útrikking fan de tredde Bernard Smilde Priis wie dêr ek omtinken foar it riden en farren fan de stifting, nije inisjativen, noflik bypraten. en fansels in moaie liturgyske ôfsluting: Sipke Huismans yntrodusearre de mjûsekel Ruth. De teksten binne fan Folkert Verbeek en de muzyk
Read more
Sneon 29 maart 2014 waard de fiifde jiergearkomste fan Krúspunt hâlden. Dizze kear hie it bestjoer keazen om dat yn Feanwâlden te dwaan. It programma spyle him ôf op trije lokaasjes. De ynrin fanôf 10.00 oere wie mei kofje/tee mei wat derby yn de Mienskip. Om 10.30 oere begûn it moarnsgebet ûnder lieding fan Hinne Wagenaar yn de
Read more
De Stifting Krúspunt, Frysk Oekumenysk Platfoarm, frege op de jiergearkomste 2013 yn’t bysûnder oandacht foar it gebrûk fan Frysk yn en om de tsjerken. Foaral om’t der de lêste jierren in spontaan proses geande is op’t tsjerklik mêd. De sitewaasje fan safolle Hollânske en safolle Fryske tsjinsten feroaret yn de rjochting fan in natuerlike meartaligens
Read more
JIERGEARKOMSTE KRÚSPUNT 21 APRIL 2012 Yn de Lantearne neist de Terptsjerke fan Akkrum fûn sneon de tredde jiergearkomste plak fan Krúspunt. Krúspunt is it moetingsplak foar minsken en organisaasjes dy’t wat te sykjen of te bieden hawwe op it mêd fan Frysk en tsjerken. It is as Frysk oekumenysk platfoarm de opfolger fan it Kristlik
Read more
In hânsum lyts boekje titele: ‘Puzzelstikjes’ mei koarte meditaasjes troch Tytsje Hibma, Sjoch hjir in foarbyld De koarte ferhalen (meditaasjes) en kleurige bylden yn dit boekje binne in soarte fan puzzelstikjes. De measten krigen foarm yn in tsjerketsjinst, mei it each op bern en grutte minsken dy’t harren yn de bibel ferdjipje. Se sprekke meiinoar
Read more
De Heidelberger Kategismus oersetten yn it Frysk fan hjoed-de-dei troch ing. Tjibbele Miedema en dû. Jan J. Poutsma mei stipe fan Tine Dijkstra, dr. Bernard Smilde en drs. Hindrik Sijens. De tekst is ikere troch in kommisje fan de Partikuliere Synoade Fryslân fan de Grifformearde Tsjerken (frijmakke) Wolle jo de folsteine tekst of in gedielte
Read more
Der binne faaks ek tsjerken/gemeenten dy’t eigen materiaal ûntwikkele ha en dat sûnder beswier graach diele wolle mei oaren. As jo eigen materiaal beskikber stelle wolle mail dat dan fia administraasje Krúspunt troch. In link nei de eigen webside mei it materiaal is gau makke. Yn it tsjerkeblêd ‘Oer de Brêge’ as op de webside
Read more
Jûns 11 novimber geane op in bulte plakken ploechjes bern (en grutten) by de doarren lâns. It is Sint Marten. It boekwurkje ‘Om Sint-Marten hinne’ is in mienskiplik projekt fan GCO fryslân, Jeugd & Kerk Friesland en Krúspunt en is bedoeld foar skoalle en tsjerke. De útjefte jout ferhalen, in toanielspul, ferskate wurkfoarmen en in
Read more
Om foargongers fan materiaal te fersjen is der troch it bestjoer fan Krúspunt in foarbyld liturgy makke foar Pinkstersnein 2015. Yn ferbân mei rjochten op it krekt útkommen ‘Lieteboek, sjonge en bidde thús en yn tsjerke’, koe der net frij oer de lieten beskikt wurde. Dat is oplost troch foar ien kear in koade ta
Read more
De preek fan Geart Ailco Wumkes op 3 jannewaris 1915 kaam net út ’e loft wei fallen. Oaren hiene yn eardere jierren al ris in Fryske preek of tsjinst weage; Wumkes wie de earste dy’t dat yn in ‘gewoane’ tsjinst op sneintemoarn die. Om dêrby stil te stean, om nei te tinken oer wat dat
Read more
De preek fan Geart Ailco Wumkes op 3 jannewaris 1915 kaam net út ’e loft wei fallen. Oaren hiene yn eardere jierren al ris in Fryske preek of tsjinst weage; Wumkes wie de earste dy’t dat yn in ‘gewoane’ tsjinst op sneintemoarn die. Om dêrby stil te stean, om nei te tinken oer wat dat
Read more
Op 30 desimber 2012 kamen in lytse hûndert belangstellenden, wêrûnder in protte leden fan it Kristlik Frysk Selskip noch ien kear, no yn Burgum, byelkoar om ôfskied te nimmen fan har 104-jierrige organisaasje. It programma bestie út in feestlike byienkomst yn Glinstra State en letter op ‘e middei in fesperfiering yn de Krústsjerke fan Burgum.
Read more
Ta gelegenheid fan it stilstean by mear as 100 jier Fryske tsjinsten Psalm 150 is foar my de psalm fan Pinkster. Omdat it de ôfslutende lofsang is fan it hiele lieteboek fan Israel, en ik leau dat dat lieteboek op dy iene Pinksterdei yn Jeruzalem syn folsleine ferfolling fûn hat. Dat boek is wierwurden yn
Read more
Preek oer de striid tsjin it kwea yn in nachtmielstsjinst En as de macht fan it kweade oer ús komt, rêd ús dan. Ferslaan it kwea, en bewarje jo bern. En is dat net, wat Jezus al dien hat? Wat de reden is dat syn lichem brutsen is en syn bloed útstoart? En as Hy
Read more
Twa preken oer slavernij It is ôfskaft mar bestiet noch altyd: slavernij. Minsken dy’t net baas binne oer har eigen lichem, dy’t en gean en stean kinne wêr’t se wolle. Yn ’e regel is har lot net te fergunnen. Wat wy meskien net ferwachtsje soene, is dat de Bibel de slavernij net mei ham en
Read more
Artikel fan Liuwe H. Westra yn it blêd nr. 66 (2015), 392-404 Dat het predikantschap door de secularisatie onder druk staat, behoeft nog steeds geen betoog. Maar hoe ziet die druk er precies uit en hoe werkt hij? Daarover hebben we in de literatuur nu enkele suggesties gevonden. Uiteraard komen er minder predikanten. Dit
Read more
Liuwe H. Westra, lêzing foar it Fries Godgeleerd Gezelschap. Niiskrekt haw ik oantsjut, dat de tsjerkegonger dy’t út noed mei it eigen sieleheil nei de preek ta reizget, fierhinne in figuer út it ferline wurden is. Ik leau ek net, dat wy dêr téologysk in hiele protte tsjinyn te lizzen hawwe. Alteast, ik soe gjin
Read more
De Fedde Schurer-lêzing op 14 novimber 2015 waard yn Tresoar holden troch dr. Liuwe H. Westra, dominy te Lollum. Westra is âld-bestjoerslid fan de stichting Krúspunt. In goed jier lyn waard ik troch it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging fia de Stifting Krúspunt frege oft ik ek ree wie om dizze Fedde
Read more
Wy komme op in prachtige moarn byinoar yn Akkrum. De lêste dagen wiene der noch al wat ôfsizzings. Mar der komme ek minsken dy’t har net opjûn hiene. Sadwaande binne wy mei ca. 52 minsken byinoar. Nei de kofje geane wy nei tsjerke foar de liturgyske iepening. Liturgyske iepening – mei in ferskaat oan lieten
Read more
Klik op Tytsje Hibma foar de iepening. Klik op Wiep Koehoorn foar it persoanlijke ferslach. Foar de kranteferslaggen: Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant 1 2 ►
Rode dominees in de Friese geschiedenis. Ik ben Marie-Anne de Harder, woon in Workum en ben historicus met een speciale belangstelling voor de Friese kerkgeschiedenis. Daarnaast heb ik mij gespecialiseerd op het onderwerp Rode dominees in Friesland, waar ik cursussen en/of lezingen over geef. Om afspraken met mij te maken kunt u mij mailen: magdeharder@chello.nl
Hillige omgongen. ‘Oant yn ‘e fiere omkriten moast it galmjen fan de klokken te hearren wêze. Trije kear soene se om de tsjerke hinne moatte. In heidenske gewoante om de kweageasten mei op in distânsje te hâlden. Hoefolle fan it fromme folkje soene dat witte? Sa beskriuwt G.Willem Abma de âlde seremoanje by de begraffenis
Read more
Earste ôfspraak oer Fryske tsjinsten? Untdekking earste ôfspraak oer regelmjittige Fryske tsjinsten en earste Fryske tsjerkerieds-oantekens? Yn ’e oantekenboeken fan ’e Herfoarme Gemeente Burchwert-Hartwert-Hichtum stiet it folgjende te lêzen (23 maaie 1935):Is dit wier de earste kear? En wannear wie de folgjende? Wy binne benijd nei réaksjes en oanfollings, hoe’t soks tsjintwurdich yn har eigen
Read more
Yn “Muziek en Liturgïe” publisearre op 06-12-2010 Oane Reitsma in stik oer “Organisaties voor bevordering van het Fries als kerktaal”. Oane Reitsma komt oarspronklik fan Holwert en hat teology mei û.o. as byfak Frysk studearre oan de VU. Oan it konservatorium yn Den Haach hat er oargel en tsjerkemuzyk dien. Hy is no gemeentepredikant. Het
Read more
Koen Zondag ûntdiek yn de argiven fan Tresoar dat it bekinde lied “Beveel gerust uw wegen” begjin 20e ieuw yn in Fryske oersetting ek in fers 10 hie. Hy skriuw deroer yn it Friesch Deiblêd fan 30 oktober 2013. By de te sjongen psalmen en lieten wie ek Ges. 273:10. Hokker fers wie dat? Nei
Read more
Us talen binne in net te missen unyk en ryk minsklik ferskynsel, seit musikus Hindrik van der Meer yn it Friesch Deiblêd yn in opinystik. No is der noch in hiel stereotyp en iensiedich gebrûk fan de taal yn de liturgy. Dat moat oars. Eltse taal fertsjinnet respekt. Eltse taal hat syn eigen rykdom yn
Read more
Hoefolle Fryske tsjinsten wurde der hâlden? Mei help fan it kranteargyf op Tresoar hat Koen Zondag neigien hoefolle tsjerketsjinsten der doe op in snein wiene: rûchwei 480, dat liedt ta sa’n 25.000 tsjerketsjinsten yn ’t jier. 638 fan de 25.000 betsjut 2,6 prosint. Foar in ferliking mei hjoed-de-dei hat Koen Zondag de tsjinsten fan 8
Read more
Under dizze titel skreau Abe de Vries in opninystik oer it nije Lieteboek yn”t Deiblêd fan sneon 9 maaie 2015. It nije,oekumenyske Lieteboek -de yntegrale Fryske oersetting fan it Liedboek- ferrommet de tsjerklike praktyk, ferriket it Frysk en jout de leauwige minske in wider útsjoch. Wol spitich is de minimale ynbring fan oarspronklik Frysktalige liturgyskelieten.
Read more
Op 28 januari werd in een volle Leeuwarder Jacobijnerkerk een bijeenkomst van de Fryske Akademy georganiseerd. Met onder meer een toespraak van de preses van de generale synode van de Protestantse Kerk, orgelspel van Theo Jellema, koorzang en last but not least de aanbieding van de bundel “Dr. Bernard Smilde: tûzenpoat en trochsetter” werd het
Read more
Smilde en de Fryske tsjerke: It boekwurk mei dizze titel is oanbean oan dr Bernard Smilde foar syn njoggentichste jierdei, 23 jannewaris 2012, op moandei 12 septimber 2011 by him thús yn Nijlân State te Ljouwert troch Ellert Jongstra, skriuwer FFF, en Paul Hekstra, foarsitter FFF, út namme fan it Ferbân fan Fryske Foargongers. As
Read more
KUIERJE MEI GOD OER DE SLACHTE Kuierje mei God oer de Slachte’ is in ympresje yn wurd en byld fan myn Slachtekuier. Yn 2008 haw ik de Slachte rûn, allinnich en yn lytse stikjes. Yn dat kuierjen socht en sykje ik de moeting mei God. Mei dizze ympresje wol ik sjen en hearre litte, hoe
Read more