Jan Mankes en Anne Zernike yn ’e Fryske literatuer

Jan Mankes en Anne Zernike yn ’e Fryske literatuer

It debút fan Jan Mankes en Anne Zernike yn ’e Fryske literatuer?

Op âlde maaie 1909 kaam de keunstner Jan Mankes oan ’e eastlike útein fan it hjoeddeiske Feen te wenjen, doe in offisjeel doarp: ’t Meer, oan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Foarby ’t Meer begûn Benedenknijpe, en noch wer eastliker Bovenknijpe. Dy beide lêste doarpen binne yn 1970 gearfoege ta De Knipe, dat dêrmei ien fan ’e earste doarpen waard mei in offisjele Fryske namme. (Klachten haw ik nea fan heard. Meskien moatte jo soks gewoan doarp foar doarp dwaan.) ’t Meer gie yn 1951 op yn It Feen.
It lei allegear ticht byinoar en syddiken wiene der net dat makke, dat it wie gjin niget dat Jan Mankes dêr yn ’e kunde kaam mei Anne Zernike, doe’t dy yn 1911 as earste froulike domeny befestige waard yn ’e menniste gemeente fan Bovenknijpe. Persoanlik moeten se elkoar pas yn 1913. Yn 1915 trouden se, en fuort dêrnei ferdwûn it pear út Fryslân wei.
Al hawwe Mankes en syn wurk nea kleien hân oer omtinken, de lêste jierren kinne jo hielendal net om him hinne, teminsten yn Fryslân net. Yn 2007 wiene der ferskate útstallings, ûnder oare yn Museum Belvédère, dêr’t ek wer de nedige boeken efterwei kamen, en yn ’e selde snuorje waard de figuer fan Anne Zernike gauris ûnderwerp fan stúdzje doe’t minsken ien kear troch hiene dat it yn 2011 hûndert jier lyn wêze soe dat de froulike domeny yn Nederlân har amtswurk begûn wie. Jan Mankes hat no bliuwend plak yn Belvédère, en Anne Zernike hat sûnt 2012 in eigen Anne Zernike Fund op har namme te stean, dat it pear heart no wol sawat ta de Fryske kulturele kanon.

Lês hjir it hiele essay fan Liuwe Westra

Add Comment

Your email address will not be published. Required fields are marked *

acht + 15 =