Advintspreek fan domeny Liuwe Westra út Lollum

Advintspreek fan domeny Liuwe Westra út Lollum

Oer in bear as húsdier, it ûnderskied tusken leauwe en hope, en hoe’t jo omgeane mei regels.

lêzings: Jesaja 11: 1-10 en Romeinen 15: 4-13

Gemeente fan ’e Hear,

Dizze wiken sjoch ik gauris nei in filmke op Youtube: Russian Couple Living with Bear. In Russysk echtpear dat in bear yn ’e hûs hat. Moarns komt de bear út syn hok en komt yn ’e hûs. Hy yt mei mei it echtpear oan tafel, hy sit mei se op ’e bank te tillevyzjesjen. Sa no en dan moat er in balspultsje dwaan, of is de man sabeare mei de bear oan it gekjeien. Stoppet er syn earm de bear yn ’e bek en beart krekt as triuwt er it bist om. As de bear sit, is er grutter as de frou.
           Libbensgefaarlik. Ik wit it, dizze minsken sille de bear wol as jonkje opheind hawwe, en de bear sjocht se meskien as syn heit en syn mem. De bear hat it fansels bêst, en sil gjin kwea yn ’t sin krije. Mar in bear hat ek wolris pinemûle, of in nacht net sa bêst sliept. En ik wit ek net wat der bart, as de bear in kear lêst krijt fan ’e hormoanen. Dan haw ik leaver gjin bear yn ’e hûs. Dit is in útsûndering, en de regels fan ús werklikheid binne oars.

Mar dit filmke bringt my wol it wêzen fan Advint ûnder eagen. Advint is it feest fan hope. Wy kenne allegear de trijeslach fan leauwe, hope en leafde. Wy hawwe wolris muoite om hope en leauwe útinoar te hâlden. Mar leauwe is yn it foarste plak betrouwen. Ik hear it ferhaal fan God, ik sjoch de leafde fan Jezus, en dêr betrou ik my oan ta. Ik lis myn libben Ien of Eat yn hannen dat machtiger is. Yn dy sin leauwe alle minsken. De atéist betrout derop dat der neat is, en seit: dat is sa goed, dêr doch ik it mei. De âlde Friezen betrouden har ta oan ’e goaden fan ’e netoer en fan ’e oarloch. En wy betrouwe ús ta oan de God fan Israel, sa’t wy dy kenne yn Jezus. Betrouwen giet yn it djipste wêzen oer jinsels.
            Mar hope is wat oars. Hope giet oer de wrâld en oer de regels fan dizze wrâld. Hope is: fêsthâlde dat dy regels, dy’t wy net feroarje kinne, dochs in kear oars wurde. Dat in sitewaasje, dy’t yn en yn krom is, dochs in kear rjocht wurdt. Dat de natuer fan minsken en fan bisten sa wurdt, dat in famke allinnich op alle oeren fan ’e dei en fan ’e nacht feilich oer strjitte kin. Dat jo in briefke fan € 50 moarns op strjitte dellizze kinne mei in stien derop, en jûns leit dat briefke der noch. Dat jo mei in ôfwikende kleur of in ôfwikende miening of in ôfwikende menier fan libjen jo yn ’e massa jaan kinne sûnder bedrige te wurden. Betrouwen is jinsels oerjaan, kom ik om dan kom ik om, mar yn Gods hân is it goed. Hope is fêsthâlden dat de regels fan dizze wrâld in kear feroarje. Dat it fizioen en it filmke fan ’e bear in kear de gewoane werklikheid wurde.
            Jesaja seit derby hoe. De wetten fan ’e werklikheid feroarje, as ien him oan ’e wetten fan God hâldt. As ien it rjocht fan ’e leafde fan God wier makket. Earst moat de earme in fetsoenlik plak hawwe. Earst moat de kwetsbere yn feilichheid. Der komt ien út ’e stobbe fan Isay, de femylje fan David, dy sil Gods rjocht werklikheid meitsje. Gods rjocht: dat is net it leauwe, dat is net de hope, dat is de leafde. En dan de leafde foar de minsken dy’t foarbygeane fan leafde. Jesaja neamt se op. Wy kinne se wol betinke. Jezus set se yn ’e Berchrede op in eareplak. Dy minsken yn ’e mienskip opnimme, har gerak jaan: dat binne de regels fan Gods leafde. En de hope wurdt wier, as dy regels in kear dien wurde.

            Faak sjogge wy in dilemma: de regels fan dizze wrâld, de wetten fan dit lân, of it Wurd fan God. Wat jildt? Wat jildt, dat meitsje wy sels út. Oft in regel wol of net jildt, dat is net in kwestje fan status of ôfspraken, dat is in kwestje fan kiezen. As ik hurder as 80 km oer de gewoane dyk riid, jildt op dat stuit de regel fan de maksimumsnelheid net. In regel jildt, as dy regel útmakket wat der yn ’e werklikheid bart. Troch ús oan in regel te hâlden, kieze wy derfoar dy regel jilde te litten. Jesaja seit: As ien út it hûs fan David him hâldt oan de regels fan Gods rjocht, dan ûntstiet der in nije werklikheid op ierde. En sa is it fansels ek mei dat filmke. Soks kin allinnich, as minsken in bearejonkje mei totale leafde, dy’t him neat oanlûkt fan de wetten fan ús wrâld, yn ’e hûs opnimme. Mei alle risiko dat dêrby heart. It begjint mei leafde, leafde tsjin de wetten fan ús werklikheid yn, omdat jo dy it lêste wurd net jaan wolle. Dat is hope. En dan sjogge jo soms de hope frucht dragen.

Dat is dus ek Advint, gemeente. As ús wrâld mar net feroaret, as de werklikheid altyd mar deselde bliuwt, as wy altiten mar tsjin deselde wetmjittichheden oan rinne – dan is dat dus, omdat wy Gods regels net tapasse, mar dy fan de wrâld of dy fan ússels. Mar dy sille de werklikheid nea feroarje.
            Tagelyk meie wy elkoar snein nei snein bliid meitsje mei it ferhaal, dat der ien kommen is út ’e femylje fan David, dy hat Gods rjocht al wier makke, en om Him hinne waard de werklikheid oars, ûnfoarstelber oars. Hy die dat út leafde foar minsken dy’t weiwaarden, tsjin de wetten fan de werklikheid yn, mei alle risiko dat dêrby hearde. En Hy hat dat folholden troch libben en dea hinne.
            En dêrtroch meie wy de hope fêsthâlde, dat dyselde op ’en nij ûnderweis is, no nei ús ta en nei de hiele wrâld, om ús hiele werklikheid, himel en ierde, minske en bist, te feroarjen. Om dy fizioenen fan Jesaja en dy filmkes fan Youtube, dy’t yn djipste wêzen makke wurde út langstme nei in oare wrâld, om dy wier te meitsjen foar altyd.

Wês dus net mismoedich, mar rin oer fan hope. Tsjûgje derfan: ien kear wurdt it oars, de wrâld bliuwt net sa’t er is! En lit der in teken fan sjen. In krânse. In kearske. In stikje ljocht. En foaral: in stikje rjocht fan God.

Amen.

============
Klik hier om de preek in het Nederlands te lezen.