Bernard Smilde priis 2020

Bernard Smilde priis 2020

Spitigernôch koe de Krúspuntdei 2020 net trochgean, mar mei wat fertraging hat de sjuery fan de Bernard Smilde Priis al byinoar west. De sjuery bestie út Adri Terlouw, David de Jong en Syds Wiersma. Dit jier wie it tema fan ’e priisfraach ‘frede’. Dat smiet in tal fan trettjin ynstjoerings op. Spitigernôch koe de sjuery net in winner oanwize. Dêrfoar wiene de ynstjoerings (krekt) net goed genôch. Wol wiene der trije ynstjoerings, dêr’t dat net in soad by skeelde: moaie lieten, mar soms krekt mei dy iene útglider of dy iene rigel dy’t net rûn. In liet moat no ien kear hielendal goed wêze. Likegoed woe de sjuery dy bewuste trije ynstjoerings al beleanje mei in earfolle fermelding. It giet twa kear om in ‘bea om frede’ en ien kear om in liet ‘frede’.

It sjueryrapport kinne jo hjir neilêze.

Klik hjirûnder op de namme en jo kin it liet lêze.

Tryntsje van der Veer út Hurdegaryp
Jan van der Ploeg út Snits
Folkert Verbeek út Sleat.

Fierder docht de sjuery de nijsgjirrige suggestje, om tenei de bêste ynstjoerders te beleanjen mei in workshop om harren liet krekt dat ekstra stikje kwaliteit te jaan dat it mooglik makket om it breed te brûken yn ’e gemeente.

De folsleine regleminten om oan de BS-priis mei te dwaan fine jo hjir.

Foar fragen of opmerkings kin ûndersteande oanskreaun of skille wurde.

Liuwe H. Westra
liuwe.westra@mensa.nl
0517-469245 / 06-30837586

Sjoch foar de priis fan ferline jier: www.kruspunt.frl/bernard-smilde-priis-2019/