Bernard Smilde Priis 2025

Bernard Smilde Priis 2025

De Bernard Smilde Priis is foar it earst útrikt yn 2013 en hat oant en mei 2020 ornearre west foar nije Fryske tsjerkelieten of nije oersettings fan tsjerkelieten yn it Frysk. Dêrby is ‘Frysk’ altiten opfette ynklusyf de streektalen dy’t yn Fryslân yn libben gebrûk binne. Sa is yn 2019 de priis útrikt oan Cees Glashouwer foar syn oersetting fan ’e lofsang fan Marije yn it Hylpers.

Omdat it mei it tal ynstjoerings net altyd oerhold en der boppedat koart efterinoar twa nije bondels mei moaie tsjerkelieten ferskynden (Hertslach en Lieten fan Leauwe en Langstme), is dêrnei de priis útrikt oan minsken dy’t brûken fan Fryske tsjerkelieten stimulearre hawwe. Sa gie yn 2023 de priis nei it Kwartettekoar.

Foar 2025 is de omskriuwing noch wat breder wurden: de priis si no foar persoanen of organisaasjes dy’t it brûken fan it Frysk (of ien fan ’e streektalen yn Fryslân) op orizjinele en grinsferlizzende wize stimulearre ha yn ’e ôfrûne twa jier.

De sjuery foar 2025 bestiet út Grytsje Kingma, Tytsje Hibma en Tonny Terpstra.

De priis, dy’t bestiet út in bedrach fan in oarkonde en in bedrach fan € 500, sil útrikt wurde op ’e Krúspuntdei fan 5 april 2025.