Betinking fan de earste reformatoaryske tsjerketsjinst yn Ljouwert

Betinking fan de earste reformatoaryske tsjerketsjinst yn Ljouwert

Leeuwarden_St._Bonifatiuskerk_07 Op 6 en 7 septimber 1566 hat de byldenstoarm plakfûn yn Ljouwert. Op 8 en 9 september ha ex-prysters reformatoaryske preken hâlden yn de St. Vitus tsjerke by de Âldehou. Dit is nou 450 jier lyn.

No yn 2016 wolle wy as Kristenen út ferskate tradysjes (Lutheranen, Calvinisten, Roomsken en Mennisten) dizze foarfallen betinke. It binne gjin saken om grutsk op te wêzen. Se kinne better sjoen wurde as in net mear tsjin te hâlden ûngelok: de herfoarming fan de tsjerke wie op dat stuit net mooglik. En doe plofte de boel.

Mar dit ûnk hat ek positive gefolgen hân foar de besinning op ús leauwen en tradysjes. Al te simpele foarstellingen fan saken binne nei dy tiid trochbrutsen. Dêrom tinke wy dat it goed is om stil te stean by dizze foarfallen. Wy wolle se in plak jaan op sa’n wize dat it ús yn 2016 fierder helpt.

Wy wolle dit dwaan yn in fiering ûnder ferantwurdelikheid fan de Rieden fan tsjerken fan Ljouwert en Fryslân, en fan Krúspunt. Yn dizze fiering sille wy ús rjochtsje op de teksten, lieten en gedichten dy’t ús bine.

Dizze fiering wurdt op 11 septimber om 15.00 hâlden yn Ljouwert yn de Sint-Bonifatius tsjerke (Bonifatiusplein 20, 8921 JT Leeuwarden). Ds. Margarithe Veen (foarsitter fan de Rie fan tsjerken Fryslân) sil de fiering liede. It Kwartettekoar ûnder lieding fan Hindrik van der Meer wurket mei oan dizze tsjinst. De historikus Lammert de Hoop sil koart fertelle wat der rûn septimber 1566 bard is. En Peter Vermaat sil de preek fersoargje. Dizze Katholike theoloog is bekend as theatermakker en professioneel ferteller. De fiering bestiet út Fryske en Hollânske eleminten op sa’n wize dat elts fan herte mei dwaan kin.

Sipke Huismans
Foarsitter Krúspunt

Klik hier voor de tekst in het Nederlands

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

5 × twee =