dr Bernard Smilde ferstoarn

dr Bernard Smilde ferstoarn

Dr. Bernard Smilde ferstoar sneon 30 augustus 2014 yn syn wenplak Ljouwert op de leeftyd fan 92 jier.

Yn it Frysk Deiblêd waarden de moandeis derop twa artikels oan him wijd, ien artikel skreaun troch Lodewijk Born en in yn memoriam skreaun troch Gerbrich van der Meer. Jo kinne it neilêze as jo op artikel of op yn memoriam klikke.

As jo op Wiep Koehoorn klikke kin jo syn ferslach lêze dat hy nei de routsjinst fan dr. Bernard Smilde op syn blogspot sette.

Yn 2012 krige Krúspunt fan Bernard Smilde tastimming om syn namme te ferbinen oan de priis dy ‘t Krúspunt ynstellle woe. De Bernard Smilde priis wurdt, sa mooglik, jierlyks takend oan de makker fan in nij Frysk liet of oan de oersetter fan in besteand liet oerset yn de Fryske taal.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

dertien + twaalf =