Ferbân fan Fryske Foargongers

Ferbân fan Fryske Foargongers

It ferbân fan Fryske foargongers is yn 2019 opheven.

It Ferbân fan Fryske Foargongers wie in selskip fan dûmnys en tsjerklike wurkers fan alle denomiaasjes, dy’t foargean meie yn tsjerketsjinsten, mar ek leden fan liturgy- en oare kommisjes. Elk fearnsjier komme se in kear by elkoar om elkoars preken en referaten op ynhâld en taalgebrûk te besprekken. It hâldt de foargongers wach op it brûken fan goed en moai Frysk yn de tsjerke.

Yn 2013 bestie de feriening 60 jier.

It doel fan it Ferbân fan Fryske Foargongers is de befoardering fan de Fryske taal yn it tsjerklike libben en de noed foar de Tsjerken. It Ferbân fan Fryske Foargongers, it FFF, is yn 1953 oprjochte.

Doe wie it in inisjatyf fan Fryske dûmnys yn de Grifformearde Tsjerken. Letter is it iepensteld foar dûmnys, oare foargongers en tsjerklike wurkers mei preekfoech út alle Tsjerken. Dêrneist stiet it iepen foar gastleden en gasten. It doel fan it FFF is de befoardering fan de Fryske taal yn it tsjerklike libben en de noed foar de Tsjerken.

Fjouwer kear jiers wurde gearkomsten hâlden en leverje leden in preek of referaat. Ek komt it foar, dat in gast in preek leveret en in gastlid hat in ynlieding hâlden. De preken ha te krijen mei de foarlêzen Bibeltekst. De referaten ha te krijen mei it Tsjerklik libben. Útsoarte wurdt alles yn it Frysk útsprutsen. De net-Fryske gasten wurdt rekken mei hâlden.

Elke preker of sprekker stjoert syn wurk op nei in earste kritikus, dy’t de oanset jout ta libbenige diskusjes. It ledejild bedraacht fyftjin euro jiers en de gearkomsten wurde hâlden woansdeitemoarn yn de Kuriostsjerke te Ljouwert. It bestjoer bestiet út trije leden. De skriuwer is dûmny Ellert Jongstra te Blije. By him is ynformaasje te krijen.

klik hjir foar de list mei Fryske foargongers