Fesper en boekútrikking yn Tsjom

Fesper en boekútrikking yn Tsjom

De preek fan Geart Ailco Wumkes op 3 jannewaris 1915 kaam net út ’e loft wei fallen. Oaren hiene yn eardere jierren al ris in Fryske preek of tsjinst weage; Wumkes wie de earste dy’t dat yn in ‘gewoane’ tsjinst op cimg1309sneintemoarn die.

Om dêrby stil te stean, om nei te tinken oer wat dat foar dy tiid betsjutte, en fansels om de sitewaasje fan hjoeddedei ek wer ris tsjin it ljocht te hâlden, is der in boekje ferskynd: “Pioniers sûnder Folgers”. Yn dat
boekje steane skôgings fan Abe de Vries, Liuwe Westra en Koen Zondag, mei tuskentroch in Fryske preek fan domeny Sibe Kornelis Bakker dy’t dy yn 1914 yn Frjentsjer hold, en de bekende preek fan Wumkes.

cimg1319De earste trije eksimplaren waarden útrikt oan ds. Hinne Wagenaar, ds. Netty de Jong – Wiersinga fan Tsjom en oan boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjer.

Nei de feestlike prissentaasje op Pinkstersnein yn ’e tsjerke fan Tsjom is it boekje te bestellen by adm@kruspunt.nl. It boekje kostet € 7,75 inkl. ferstjoerderskosten.

It Friesch Deiblêd publisearre in opinystik oer it ferskinen fan it boekwurkje op sneon 23 maaie.
Klik hjir om it nei te lêzen.

Foarôfgeand oan de prissentaasje fan it boek wie der in fesperfiering yn’t koar fan de tsjerke.  As jo op ‘Tsjom’ klikke  krij jo de tekst fan de fesper mei meditaasje op it byldskerm.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

14 − 13 =