Fesper Waalske Tsjerke yn Ljouwert

Fesper Waalske Tsjerke yn Ljouwert

Ek yn it nije seizoen sille der wer Fryske fespers yn de Waalske tsjerke, Ljouwert holden wurde.

De earste sil wêze op snein 23 septimber o.s. de jûns om 19.00 oere.

Foargonger is dan ds. Hinke Post-Knol, wylst Alex Riemersma lêze en foardrage sil.

Muzikale meiwurking is der fan de fêste oargelist Theo Jellema en fan Elske Roorda-Posthuma, dy’t de klarinet bespilet.

Om de start goed te begjinnen is der nei de fiering ûnder it genot fan in kopke kofje of tee gelegenheid om noch even nei te praten.

Tige fan herten wolkom!