Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

De Fryske fesperfiering op 24 april 2022 hat in bysûndere eftergrûn. Dan sil de koartby hillich ferklearre en yn it konsintraasjekamp Dachau omkommen pater Titus Brandsma sintraal stean. Wy hearre yn de tsjinst mear oer him as Frisiast en sille ek in troch him skreaun liet sjonge.

Foargonger yn dizze fiering is ds. Doekle de Boer, Alex Riemersma nimt lêzingen en foardracht op him en de sjonggroep Kwintet út Wommels soarget tegearre mei oargelist Peter van der Zwaag foar de muzikale bydrage. En fansels kinne wy as gemeente oan dat lêste ûnderdiel troch meiinoar te sjongen ek ús bydrage leverje.

De fesper sil yn de Grutte of Jacobijner Tsjerke yn Ljouwert holden wurde en wol jûns om 19.00 oere. De tsjinst is ek wer te folgjen op ynternet ûnder http://tiny.cc/jacobijner. Wy binne bliid mei dy mooglikheid om sa noch mear minsken te berikken.

Sûnder finânsjen kin dat net, dus in jildlike bydrage is ek tige wolkom: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta.

Kommende fesperfieringen binne op 22 maaie en 26 juny.