FOET (bestiet net mear)

, ,  |

FOET (bestiet net mear)

stifting foetF.OE.T stiet foar: Stifting Fryske Oekumenyske Tsjerketsjinsten Súdwest Fryslân.

Fryske Oekumenyske Tsjerketsjinsten yn Sleat.

Begjin 1997 wiene der lûden om ek yn de Súdwesthoeke Fryske oekumenyske tsjerketsjinsten te hâlden. Der waarden oproppen dien en der kaam in gearkomste yn restaurant “Hjir is’t” yn Sint Nyk. Der waard in foarlopich bestjoer oprjochte en op 21 augustus 1997 is de Stifting Fryske Oekumenyske Tsjerketsjinten yn Súdwest Fryslân by de notaris fêstlein.  De parochy fan Sleat stelde de Sint Frederikustsjerke beskikber en op 19 april 1998 wie de earste F.OE.T.-tsjinst . Foargonger wie professor Jagersma fan Snits.

Der wie besluten om twa kear te ponkjerinnen. It earste wie foar St.F.OE.T. en it twadde foar in goed doel: dat wie in nije lûdsynstallaasje. Ek mei meiwurking fan parochianen wie der al gau genôch jild. It oargel yn de Sint Frederikustsjerke wie striemin. Mei subsydzjes, it twadde ponkje en 40 rintleaze oandielen fan de F.OE.T.-besikers kaam der in oar oargel. Der sit in prachtich lûd yn en it past tige goed by de architektuer fan de tsjerke. Wy binne der noch altyd grutsk op.

Wy kinne weromsjen op moaie tsjerketsjinsten  mei in grut ferskaat oan meiwurkers: bernekoaren, sjongkoaren, sjongers, sjongeressen, koperblazers ensfh. Hichtepunten yn de 20 jier F.OE.T: de earste tsjinst, Simmer 2000, biskop Eijk, biskop De Korte. De lêste tsien jier wie Gerk Venema fan Snits ús fêste oargelist. Wat ha wy fan syn spyljen genietsje kind!

Mar stadichoan rûn de belangstelling tebek. De âlderen koene net mear komme en de jongerein lit it ôfwitte. De lêste F.OE.T.-tsjinst wie op 16 desimber 2018. De foargonger foar dizze snein koe troch omstandichheden net en doe hat Ida Bouwhuis-Minnema, bestjoerslid fan it begjin ôf oan, de tsjinst lieden. Nei de seine wurde in lofliet sjongen (6 kûpletten):
1.                                                                                6.
Sjong o minsken, sjong mar ta                                Krist’nen yn ‘e hiele wrâld,
Sjong it yn ‘e gloria.                                                   Sjong in lied en bliuw net kâld.
Protestant of katolyk                                                Ta Gods ear en ien fan sin,
Sjongen is foar elts gelyk.                                        Sjong mar ta, wa’t sjonge kin!

De stimming wie: it is spitich,mar it kin net mear. Wol sjogge wy werom op tweintich jier moaie Fryske Oekumenyske tsjinsten.

Bestjoer St. F.OE.T.