Fries Godgeleerd Gezelschap 175 jier

Fries Godgeleerd Gezelschap 175 jier

Yn ’e 19e ieu ûntstiene tal fan genoatskippen, werûnder het Fries Godgeleerd Gezelschap, bedoeld om wittenskiplike en rillevante kennis te dielen. Sokke genoatskippen wiene der op ferskate fakgebieten.

De measte fan dy genoatskippen binne wilens wer ferdwûn, mar yn Fryslân hawwe wy noch it bekende Fries Genootschap (eigener fan in grut part fan de kolleksje fan it Frysk Muséum), en it Fries Godgeleerd Gezelschap, dat dit jier 175 jier bestiet.

Yn it Fries Godgeleerd Gezelschap (FGG) komme alle moannen 25 téologen en oare wittenskippers by elkoar om fan elkoar te learen op it gebiet fan bibelwittenskip, tsjerkeskiednis, dogmatyk en praktyske fragen. De fiertaal is frij.

It bestean fan sa’n genoatskip mear as 175 jier lang is fansels in unikum. Dêrom wurdt op freed 14 febrewaris 2014 in feestlike en iepenbiere jubiléumbyienkomst holden yn de Meniste tsjerke te Ljouwert. It tema is: ‘Van blijvende waarde? Over de betekenis van theologie in het publieke domein’. Sprekkers binne biskop Gerard de Korte, professor Ed Noort en professor Henk de Roest, allegear mei sterke noardlike en/of Fryske konneksjes.

De tagong foar de dei (ynklusyf kofje, tee en middeisiten) is € 25. Der is ek in jubiléumboek te keap, dat de skiednis fan it selskip beskriuwt. Foar domenys en pastoraal wurkers yn ’e PKN is dielnimmen oan ’e dei goed foar in fearn PE-punt.

It programma foar de jubileum dei (Hollânske tekst) en het kranteferslach fan Wim Schrijver yn de Ljouwerter.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

zestien − zeven =