Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Ek nei Peaske, en wol op snein 23 april o.s., hoopje wy wer in Fryske fesper te fieren yn de Waalske tsjerke yn Ljouwert,

Jûns om 19.00 oere begjint de fiering mei as foargonger ds. Wietske Tinga fan Grins.

Foardrage sil Doutsen Dotinga en de muzikale bydrage is fan Jannie Reijenga, klarinet, en Jelle van der Wal, tromboane.

Theo Jellema spilet op it oargel.

Jim wurde fan herten útnûge dizze fiering mei te meitsjen!

Graach oant sjen op de 23e april!

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

15 − 3 =