Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Ek yn febrewaris fiere wy op de fjirde snein, te witten 25 febrewaris, in Fryske fesper, en wol yn de Waalske Tsjerke, Ljouwert.

De fiering begjint om 19.00 oere.

Foargonger is diskear dhr. T.R.A. Simonides fan Burdaard, wylst Teake Posthuma lêze/foardrage sil.

De muzikale begelieding is wer yn hannen fan Theo Jellema en de sjonggroep Kwint draacht ek in stientsje by.

Wy nûgje elkenien graach út foar dizze fiering.

Fan herten wolkom!