Fryske fesper yn de Waalsketsjerke yn Ljouwert

Fryske fesper yn de Waalsketsjerke yn Ljouwert

Op snein 23 juny o.s. sil der wer in Fryske fesper fierd wurde yn de Waalske tsjerke yn Ljouwert.

Dat sil wêze de jûns om 19.00 oere.

Foargonger is diskear dr. Liuwe Westra, wylst Klaske Straatsma de lêzer/foardrager wêze sil.

Neist Theo Jellema dy’t it oargel bespilet, docht ek de kantorij fan de Grutte Tsjerke mei oan muzikale begelieding fan de fiering.

Om’t it de lêste fiering fan dit seizoen is, slute wy dat ôf mei kofje of tee, en in stikje kleasterkoeke.

Tige fan herten wolkom!

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

vier × 1 =