Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Op snein 22 jannewaris o.s sil der jûns om 19.00 oere wer in Fryske fesper fierd wurde yn de Waalske tsjerke yn Ljouwert.

Foargonger is diskear ds. A. Elverdink fan Eastermar, wylst Martha de Boer-van Slooten lêze en deklamearje sil.

De muzikale bydrage is yn hannen fan Theo Jellema dy’t op it oargel spilet, en fan Wytske Zoethout mei de dwersfluit.

Tige wolkom by dizze fiering!

 

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

dertien − 3 =