Fryske fesper Jacobiner tsjerke Ljouwert
Op snein 23 febrewaris 2025 wurdt der wer in Fryske fesper fierd yn de Grutte of Jacobiner tsjerke yn it sintrum fan Ljouwert.
De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.
Foargonger yn dizze fiering is ds. G. Hoogterp en Tryntsje van der Veer nimt de psalmlêzing en de foardracht op har. De muzikale bydrage komt diskear, neist de begelieding fan de gemeentesang troch oargelist Peter van der Zwaag, fan de Kantorij fan de Jacobiner Tsjerke, foar harren dus in thúswedstriid.
Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as troch de digitale ferzje fan de tsjinst.
Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.
Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!