Fryske fesper yn de Waalske tsjerke yn Ljouwert

Fryske fesper yn de Waalske tsjerke yn Ljouwert

oargelfront Waalske tsjerke

oargelfront Waalske tsjerke

It nije seizoen fan de Fryske fespers yn Ljouwert sil iepene wurde mei in bysûndere fiering op snein 25 septimber o.s.
It wurdt diskear in fiering yn de geast fan Nijkleaster mei as foargonger ds. Hinne Wagenaar.
Muzikale meiwurking is der fan oargelist Theo Jellema en it Huzumer Dûbelkwartet.
De fiering begjint om 19.00 oere en wurdt holden yn de Waalske Tsjerke, Gr. Tsjerkestrjitte yn Ljouwert.
Nei ôfrin fan de tsjinst drinke wy mei elkoar in kopke kofje of tee mei dêrby in stikje kleasterkoeke.
Elkenien is tige wolkom.

 

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

19 − 13 =