Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

Nei de fesper yn septimber is der ek yn oktober wer in Fryske fesper. Dat sil wêze yn ‘e Ljouwerter Grutte of Jacobiner tsjerke op snein 26 oktober o.s. de jûns om 19.00 oere. Tige wolkom!

Wy binne bliid dat net allinne de minsken yn tsjerke de fesper fiere. Digitaal is dat ek wer mooglik en hite wy dy harkers fan herten wolkom om de tsjinst mei ús mei te fieren. Dat kin fia de site http://tiny.cc//jacobijner, sjoch fierder op www.jacobijner.nl .

Yn dizze tsjinst sil foargean ds. P.Beintema fan Dokkum, wylst Nynke de Vries de lêzingen fersoarget. Peter van der Zwaag begeliedt de gemeentesang op it oargel en mei Aleid Stonebrink op de blokfluit soarget hy foar noch in muzikale bydrage. 

Graach hite wy jim fan herten wolkom by dizze twadde fesper-fiering fan it nije seizoen.

De folgjende fesper yn dit jier 2025 sil by libben en wolwêzen plak fine op 30 novimber.