Fryske fesper yn Ljouwert

Fryske fesper yn Ljouwert

As wurkgroep Fryske fespers binne wy bliid dat wy de fiering fan in nije Fryske fesper oankundigje kinne. Sawat in healjier hawwe wy dy net fiere kind yn ferbân mei de koroana. Wol koene wy it fesperjier yn juny digitaal ôfslute.

No dus wer in ‘gewoane’ fiering op snein 27 septimber o.s. de jûns om 19.00 oere. Wol  is dat foarlopich op in oare lokaasje as de ús fertroude Waalske tsjerke. Yn de Jacobiner of Grutte tsjerke is mear romte om ús oan de koroanaregels te hâlden. Jim binne tige wolkom yn dizze prachtige tsjerke! Wy sjogge der nei út jim wer begroetsje te kinnen.

 

Wol is it saak dat jim jim oanmelde by it kontaktadres fryskefesper@gmail.com of telefoanysk 06-51334778.

Yn dizze tsjinst sil foargean ds. U. Tjallingii en sille oargelist Gerwin Hoekstra en Kwint Fokaal de muzikale kant foar har rekken nimme. Jant van der Weg is de lêzer/foardrager.

Graach oant sjen!

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

twee × 3 =