Fryske fesper yn de Waalske tsjerke yn Ljouwert
Op snein 27 novimber sil der wer in Fryske fesper holden wurde yn de Waalske tsjerke, Gr. Tsjerkestrjitte, Ljouwert.
De fiering begjint om 19.00 oere.
Foargonger is dan ds. D. de Boer fan Ljouwert, wylst Teake Posthuma sil lêze en foardrage.
De muzikale bydrage is fan it Wommelser dûbelkwartet, en Theo Jellema sil wer it oargel bespylje.
Fan herten wolkom!