Fryske fesper 27 septimber 2026

Fryske fesper 27 septimber 2026

Yn septimber begjint der wer in tiidrek fan tsjerklike aktiviteiten. Ek de Fryske fesper set dan wer útein mei in fiering yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke. De tsjinst begjint om  19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.

Foargonger yn dizze fiering is ds. J.D. Wassenaar en Anneke Salverda fersoarget de psalmlêzing en de foardracht. Oargelist Peter van der Zwaag begeliedt de gemeentesang en jout mei fluitiste  Ilse Terpstra in muzikale bydrage oan de tsjinst.

Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Grutte Tsjerke as oer de digitale ferzje fan de tsjinst.

Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Grutte Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!