Fryske fesper yn de Waalske tsjerke yn Ljouwert

Fryske fesper yn de Waalske tsjerke yn Ljouwert

Nei de bysûndere septimberfesper yn de sfear fan Nijkleaster hat de Fryske fesper fan oktober yn de Ljouwerter Waalse tsjerke (Gr. Tsjerkstrjitte) ek in apart karakter.
Dy wurdt diskear net op de 4de, mar op de 5de snein fan de moanne fierd, en wol op 30 oktober de jûns om 19.00 oere.
Dy fiering sil nammentlik yn it teken fan Herfoarmingsdei stean.
Foargonger is dan ds. Toos Reichman en Klaske Straatsma sil foardrage.
De muzikale bydrage komt fan Theo Jellema op it oargel en Theo Boelens dy’t op de dwersfluit spylje sil.
 
Tige fan herten wolkom!

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

1 × twee =