Fryske fesper
It is al wer de lêste fesperfiering fan dit kalinderjier, en wol op 30 novimber o.s. yn de Ljouwerter Jacobinertsjerke. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet ûnder http://tiny.cc/jacobijner.
De foargonger is ds. A.H. Bosma en Tryntsje van der Veer nimt de psalmlêzing en de foardracht foar har rekken. De muzikale bydragen komme, neist de begelieding fan de gemeentesang troch oargelist Peter van der Zwaag, fan Theo Boelens op de fluit.
Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as fia de digitale ferzje fan de tsjinst.
Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.
Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!
