Fryske fesper op 22 febrewaris 2026

Fryske fesper op 22 febrewaris 2026

Op snein 22 febrewaris 2026 meie wy wer in Fryske fesper fiere, diskear net yn de Grutte tsjerke, mar yn de Ljouwerter Waalske tsjerke, ek yn de Grutte Tsjerkestrjitte. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.

Foargonger yn dizze fiering is Geeske Bies en Sjoukje van der Zwaag fersoarget de psalmlêzing en de foardracht. Oargelist Peter van der Zwaag begeliedt de gemeentesang en de cantorij fan de Grutte Tsjerke soarget foar in muzikale bydrage.

Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as oer de digitale ferzje fan de tsjinst.

Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!