Fryske fesper op 22 juny 2025
It is al wer de lêste fesperfiering fan dit tsjerklik jier, dy’t wy yn de Jacobinertsjerke yn Ljouwert op 22 juny o.s. hoopje te fieren. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.
Diskear is ús foargonger ds. Foekje Fleur Fink en sil André Looijenga de psalmlêzing en de foardracht foar syn rekken nimme. De muzikale bydragen komme, neist de begelieding fan de gemeentesang, fan oargelist Peter van der Zwaag.
Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as fia de digitale ferzje fan de tsjinst. Nei ôfrin fan de fiering kinne wy ûnder it genot fan in kopke kofje of tee noch even neiprate. Spitigernôch kin dat net digitaal.
Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.
Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!
