Fryske fesper op 25 jannewaris 2026

Fryske fesper op 25 jannewaris 2026

Op snein 25 jannewaris 2026 wurdt der wer in Fryske fesper fierd yn de Grutte of Jacobiner tsjerke yn it sintrum fan Ljouwert. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.

Foargonger yn dizze fiering is ds. Adri Terlouw en Klaske Straatsma fersoarget de psalmlêzing en de foardracht. De muzikale bydrage komt diskear, neist de begelieding fan de gemeentesang troch oargelist Peter van der Zwaag, fan Elske Roorda-Posthuma op klarinet.

Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as oer de digitale ferzje fan de tsjinst.

Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.

Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!