Fryske fesper op 25 maaie 2025
Op 25 maaie o.s. fiere wy yn de Jacobinertsjerke yn Ljouwert wer in Fryske fesper. De tsjinst begjint om 19.00 oere en is ek te folgjen fia ynternet en wol ûnder http://tiny.cc/jacobijner.
Foargonger yn dizze fiering is Dr. J.D. Wassenaar en Sjoukje van der Zwaag nimt de psalmlêzing en de foardracht op har. De muzikale bydrage komt diskear, neist de begelieding fan de gemeentesang troch oargelist Peter van der Zwaag, fan Theo Boelens op de dwersfluit.
Graach fiere wy dizze fesper mei jimme, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as troch de digitale ferzje fan de tsjinst.
Wy kinne net sûnder finansjele stipe en dêrom is in jildlike bydrage tige wolkom. Dy kin nei it adres: Stichting Krúspunt – NL29 INGB 0004 3194 90, mei fermelding: Fryske fesper.
Tige fan herten wolkom! Wy winskje elkenien, sawol yn de Jacobiner Tsjerke as op de digitale wei, in goede fiering ta!
